Ook onteigening inzetten als instrument voor aanleg Natuurnetwerk NNN

Klik hjir foar de Fryske tekst

Jochem Knol diende namens GrienLinks op 30 november 2022 in de Statenvergadering een amendement in om voor de realisatie van het NatuurNetwerk (NNN) in 2027 ‘alles uit de kast’ te halen, en dus óók het instrument onteigening in te zetten. De overgrote meerderheid van de Staten wilde dat niet, die hield het bij ‘maximaal vrijwillig inzetten’ (zonder onteigening dus). Het goede nieuws is, dat ook de minister vindt dat Fryslân moet doorpakken met de aanleg van natuur.

Lees hier de hele bijdrage van Jochem

Afspraken nakomen voor meer natuur
Het voorstel dat besproken werd in de Staten was: ‘Maximaal vrijwillig en na 2027 kijken of we het instrumentarium breder in kunnen zetten’. Jochem Knol: “In 2013 zijn afspraken gemaakt tussen de provincies en het Rijk over het vóór 2027 realiseren van het Natuurnetwerk Nederland. In juni 2020 schreef het Planbureau voor de Leefomgeving: ‘Provincies liggen niet op schema om het Natuurnetwerk op tijd af te ronden in 2027. Afronding is belangrijk omdat maatregelen voor natuurherstel vaak pas genomen kunnen worden als alle grond beschikbaar is. Bovendien is extra natuurherstel vereist om de stikstofcrisis op te lossen.’
Het is nu negen jaar later. Het Rijk heeft de provincie Fryslân op de vingers getikt. Er gebeurt te weinig en het gaat vooral te langzaam. De provincie ging om meer geld vragen in Den Haag en kreeg nul op het rekest: eerst maar eens aan de slag en de spaarpot leegmaken en kom dan maar weer eens langs. Span je maximaal in!”

Natuer mei de Mienskip
In maart 2022 werd het ‘Right to Challenge’ aanbod van samenwerkende agrarische – en natuurorganisaties aan de provincie aangenomen in de Provinciale Staten. De organisaties namen het initiatief nadat de provincie had gemeld de aanleg van het NatuurNetwerk niet voor elkaar te kunnen krijgen in 2027. Te weinig geld, te weinig capaciteit en te weinig instrumenten beschikbaar, zo werd gemeld. De Staten namen het aanbod van Natuer mei de Mienskip aan. Jochem Knol zei in die Statenvergadering in maart: “‘De echte wil om natuur te behouden en te verbeteren ontbreekt in deze Staten. Waarom gaan we niet vol enthousiasme voor de maximale aanleg van het NatuurNetwerk?” Maar hij verwelkomde ook zeker het initiatief van de agrarische- en natuurorganisaties om zelf het heft in handen te nemen en de uitdaging aan te gaan de afspraken die de provincie gemaakt heeft over de aanleg van het NatuurNetwerk uit te gaan voeren. Jochem Knol: “Dankzij het aanbod van Natuer mei de Mienskip lijkt er nu beweging te komen en gelukkig mag nu gewerkt gaan worden om alle natuur aan te gaan leggen en in te richten. Dat is winst! Maar de wil bij de Statenpartijen om daar alle instrumenten voor beschikbaar te stellen blijft ontbreken.”

Tik op de vingers van Minister LNV
Volgens het ministerie is de afspraak dat het héle NNN gerealiseerd zal zijn in 2027 (zie memo ). De provincie hanteert daarbij al jarenlang een rangorde in de gebieden die aangewezen zijn als NatuurNetwerk. Prioriteit 1 – gebieden KaderRichtlijn Water Prioriteit 2 – Natura 2000 gebieden Prioriteit 3 en 4 – overige gebieden. Na het gesprek met het ministerie van LNV bleek echter dat de minister deze indeling niet ‘herkende’. In het voorstel dat besproken werd in de Statenvergadering op 30 november 2022 wordt die prioritering ook (grotendeels) losgelaten. De prioritering blijft alleen in stand voor de bespreking van het onteigeningsinstrument voor de KRW en Natura-2000 gebieden na 2027.

Maximale realisatiestrategie
Alle provincies leveren begin 2023 een ‘maximale realisatiestrategie’ voor de aanleg van de NNN aan bij het Rijk. Fryslân zet in op ‘Maximaal vrijwillig en na 2027 kijken of we het instrumentarium breder in kunnen zetten’ (= dan pas beginnen met het bespreken van het instrument onteigening voor KRW en Natura-2000). Jochem Knol: “Het is de vraag of de minister onze inspanning voldoende vindt. De vraag aan de gedeputeerde blijft dan ook: beschouwt de minister het voorliggende voorstel als de maximale inspanning, ondanks dat niet alle beschikbare instrumenten worden ingezet? Is dat getoetst en wat als dat niet het geval is?
Gedeputeerde Douwe Hoogland antwoordde op deze vraag van Jochem: “Dat is aan de provincie om invulling te geven aan het ‘hoe’, en daarbij hebben Provinciale Staten invulling gegeven aan het ‘hoe’. Dat is dus een opdracht voor Gedeputeerde Staten. En nee, we halen de inrichting voor 2027 niet, dat staat ook duidelijk in de stukken. Daar is al eerder besluitvorming over geweest, over het uitstellen van de doelen tot ná 2027. Dus nu gaan we kijken hoe we binnen het instrumentarium dat we nu hebben, een stap kunnen zetten richting aanleg natuurnetwerk. En daar geloven we in.”
Op het voorstel van GrienLinks, PvdD en SP over het inzetten van onteigeningsinstrument zei hij; “Dat snap ik best, wat GrienLinks wil, versnelling. Maar dit amendement gaat net wat te ver. Om dat nu te doen.”

Met dit antwoord verwees de gedeputeerde naar het besluit van de Staten in november 2021. In het artikel ‘Natuurdoelen uitstellen, niet doen!’ kun je meer over dat besluit lezen.

Stemming
Het amendement van GrienLinks, PvdD en SP is verworpen met 8 stemmen voor (GL, PvdD, SP en D66) en 33 stemmen tegen.
het voorstel zelf is aangenomen met 33 stemmen voor (inclusief die van GrienLinks) en 8 stemmen tegen. (PVV, Forum, Goudzwaard, PvdD).

Jochem Knol over het toch voorstemmen voor het voorstel ondanks dat het amendement van GrienLinks niet was aangenomen: “Het in het voorstel gekozen scenario 3: ‘maximaal vrijwillig met loslating van de prioriteiten’ houdt in dat er meer mogelijkheden zijn dan eerst voor de aanleg van natuur. Er komt nu dus meer geld voor aankopen in alle prioriteiten én er wordt geld uit het Natuurpact gehaald voor meer capaciteit om al dat werk te gaan doen. Dat vinden we goed. Wel jammer dat niet ook alle instrumenten (zoals ook onteigening) ingezet gaan worden, want dat zou nog meer zoden aan de dijk zetten. Maar helaas, daar is geen politieke meerderheid voor.”

FRYSKE TEKST

Ek ûnteigening ynsette as ynstrumint foar oanlis Natuernetwurk NNN

Jochem Knol tsjinne út namme fan GrienLinks op 30 novimber 2022 yn de Steategearkomste in amendemint yn om foar de realisaasje fan it NatuerNetwurk (NNN) yn 2027 ‘alles út de kast ’ te heljen, en dus ék it ynstrumint ûnteigening yn te setten. Fierwei it grutste part fan de Steaten woe dat net, dy hold it by ‘maksimaal frijwillich ynsetten’ (sûnder ûnteigening dus). It goede nijs is, dat ek de minister fynt dat Fryslân trochpakke moat mei de oanlis fan natuer.

Lês hjir de hiele bydrage fan Jochem

Ofspraken neikomme foar mear natuer

It foarstel dat bepraat waard yn de Steaten wie: ‘Maksimaal frijwillich en nei 2027 sjen oft wy it ynstrumintarium breder ynsette kinne’. Jochem Knol: “Yn 2013 binne ôfspraken makke tusken de provinsjes en it Ryk oer it foar 2027 realisearjen fan it Natuernetwurk Nederlân. Yn juny 2020 skreau it Planbureau voor de Leefomgeving: ‘Provinsjes lizze net op skema om it Natuernetwurk op ‘e tiid ôf te rûnjen yn 2027. Ofrûning is wichtich, omdat maatregels foar natuerherstel faak pas naam wurde kinne as alle grûn beskikber is. Boppedat is ekstra natuerwerstel fereaske om de stikstofkrisis op te lossen.’
It is no njoggen jier letter. It Ryk hat de provinsje Fryslân op de fingers tikke. Der bart te min en it giet foaral te stadich. De provinsje frege ‘Den Haag’ om mear jild, mar krige nul op it rekest: earst mar ris oan de slach en de sparpot leechmeitsje en kom dan mar wer ris del. Span dy maksimaal yn!”

Natuer mei de Mienskip

Yn maart 2022 waard it ‘Right to Challenge’ oanbod fan gearwurkjende agraryske – en natuerorganisaasjes oan de provinsje oannaam yn Provinsjale Steaten. De organisaasjes namen it inisjatyf nei’t de provinsje meld hie de oanlis fan it NatuurNetwerk net foarinoar krije te kinnen yn 2027. Te min jild, te min kapasiteit en te min ynstruminten beskikber, sa waard meld. De Steaten namen it oanbod fan Natuer mei de Mienskip oan. Jochem Knol sei yn dy steategearkomste yn maart: “De echte wil om natuer te behâlden en te ferbetterjen ûntbrekt yn dizze Steaten. Wêrom geane wy net fol entûsjasme foar de maksimale oanlis fan it NatuerNetwurk?” Mar hy wie ek wiis mei it inisjatyf fan de agrarische- en natuerorganisaasjes om sels it heft yn hannen te nimmen en de útdaging oan te gean om de ôfspraken dy’t de provinsje makke hat oer de oanlis fan it NatuurNetwerk út te fieren.
Jochem Knol: “Tanksij it oanbod fan Natuer mei de Mienskip liket der no beweging te kommen en gelokkich mei no wurke wurde om alle natuer oan te lizzen en yn te rjochtsjen. Dat is winst! Mar de wil by de Steatepartijen om dêr alle ynstruminten foar beskikber te stellen bliuwt ûntbrekken.”

Tik op de fingers fan Minister LNV

Neffens it ministearje is de ôfspraak dat it hiele NNN yn 2027 realisearre wêze sil (sjoch memo ). De provinsje hantearret dêrby al jierrenlang in rangoarder yn de gebieten dy’t oanwiisd binne as NatuurNetwerk. Prioriteit 1 – gebieten KaderRichtlijn Water Prioriteit 2 – Natura 2000 gebieten Prioriteit 3 en 4 – oare gebieten. Nei it petear mei it ministearje fan LNV die lykwols bliken dat de minister dizze yndieling net ‘werkende’. Yn it foarstel dat bepraat waard yn de Steategearkomste op 30 novimber 2022 wurdt dy prioritearring ek (fierhinne) loslitten. De prioritearring bliuwt allinnich yn stân foar it besprekken fan it ûnteigeningsynstrumint foar de KRW en Natura-2000 gebieten nei 2027.

Maksimale realisaasjestrategy

Alle provinsjes leverje begjin 2023 in ‘maksimale realisaasjestrategy’ foar de oanlis fan de NNN oan by it Ryk. Fryslân set yn op ‘Maksimaal frijwillich en nei 2027 sjen oft wy it ynstrumintarium breder ynsette kinne’ (= dan pas begjinne mei it besprekken fan it ynstrumint ûnteigening foar KRW en Natura-2000). Jochem Knol: “It is de fraach oft de minister ús ynspanning foldwaande fynt. De fraach oan de deputearre bliuwt dan ek: beskôget de minister it foarlizzende foarstel as de maksimale ynspanning, nettsjinsteande dat net alle beskikbere ynstruminten ynset wurde? Is dat toetst en wat as dat net it gefal is?
Deputearre Douwe Hoogland antwurde op dizze fraach fan Jochem: “Dat is oan de provinsje om ynfolling te jaan oan it ‘hoe’, en dêrby hawwe Provinsjale Steaten ynfolling jûn oan it ‘hoe’. Dat is dus in opdracht foar Deputearre Steaten. En nee, wy helje de ynrjochting foar 2027 net, dat stiet ek dúdlik yn de stikken. Dêr hat al earder beslútfoarming oer west, oer it útstellen fan de doelen oant néi 2027. Dus no sille we sjen hoe’t we binnen it ynstrumintarium dat we no hawwe, in stap sette kinne nei de oanlis fan in natuernetwurk ta. En dêr leauwe we yn.”

Op it foarstel fan GrienLinks, PvdD en SP oer it ynsetten fan ûnteigeningsynstrumint sei er: “Dat snap ik bêst, wat GrienLinks wol, faasje. Mar dit amendemint giet krekt wat te fier. Om dat no te dwaan.”

Mei dit antwurd ferwiisde de deputearre nei it beslút fan de Steaten yn novimber 2021.
Yn it artikel ‘Natuerdoelen útstelle, net dwaan!’ kinst mear oer dat beslút lêze.

Stimming

It amendemint fan GrienLinks, PvdD en SP is fersmiten mei 8 stimmen foar (GL, PvdD, SP en D 66) en 33 stimmen tsjin. It foarstel sels is oannaam mei 33 stimmen foar (ynklusyf dy fan GrienLinks) en 8 tsjin (PVV, Forum, Goudzwaard, PvdD).

Jochem Knol oer it dochs foarstimmen foar it foarstel nettsjinsteande dat it amendemint fan GrienLinks net oannaam wie: “It yn it foarstel keazen senario 3: ‘maksimaal frijwillich mei loslitten fan de prioriteiten’ hâldt yn dat der mear mooglikheden binne as earder foar de oanlis fan natuer. Der komt no dus mear jild foar oankeapjen yn alle prioriteiten én der wurdt jild út it Natuerpakt helle foar mear kapasiteit om al dat wurk te dwaan. Dat fine we goed. Wol spitich dat net ek alle ynstruminten (lykas ek ûnteigening) ynset wurde sille, want dat soe noch mear seadden oan de dyk sette. Mar dêr is spitigernôch gjin politike mearderheid foar.”

Eén antwoord op “Ook onteigening inzetten als instrument voor aanleg Natuurnetwerk NNN”

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *