Invasieve exoten bestrijden

Klik hjir foar de Fryske tekst

“Planten en dieren die hier door mensen zijn geïmporteerd ontbreekt het vaak aan natuurlijke vijanden en kunnen een plaag gaan vormen. Helaas moeten we dan ingrijpen, omdat de biodiversiteit daardoor in het gedrang komt,” zei Jochem Knol bij de behandeling van de notitie Invasieve exoten op 30 november 2022.

Watercrassula
Een van de voorbeelden van een invasieve exoot is watercrassula. Van oorsprong een uitheems plantje dat gebruikt wordt in vijvers en aquaria. Op die manier is het plantje in het buitengebied terechtgekomen. Op o.a. Terschelling is de watercrassula een plaag, waardoor de zeldzame en kwetsbare soorten in de duinvalleien weggedrukt worden. Maar bijvoorbeeld ook de Japanse Duizendknoop is zeer hardnekkig en beschadigt funderingen van wegen en gebouwen.

Financiën
Jochem Knol: “Het is goed dat de Beleidsnotitie Invasieve Exoten nu aan de orde komt en dat er een begin wordt gemaakt met de bestrijding van uitheemse planten en dieren die overlast bezorgen. De financiering van het beleid baart ons zorgen. Voor het komende jaar is er een bedrag beschikbaar van € 400.000,–. Dat zal veel te weinig blijken en wat gaan we de jaren erna doen? Bestrijding heeft een continue aanpak nodig en eenmalig daarvoor geld beschikbaar stellen lijkt op weggegooid geld. Zoals GrienLinks in de commissie al aangaf zoeken wij naar mogelijkheden voor lange termijnfinanciering. Wij dienen dan ook samen met de CU een amendement in om in ieder geval voor 2024 middelen beschikbaar te stellen. Dit amendement werd aangenomen.

Beheer natuurgebieden onder druk?
Jochem Knol vroeg de gedeputeerde: “Klopt het dat het noodzakelijke beheer van de Natura2000-gebieden achterblijft als gevolg van een greep uit de natuurpactgelden? En wat wordt er gedaan om problemen ten aanzien van het beheer te voorkomen terwijl nu al de instandhouding van de natuurdoelen onmogelijk blijkt? Is dit besproken met het ministerie van LNV?”
Douwe Hoogland: “Met deze aanpak voorkomen we dat andere (inheemse) soorten worden verdrongen.” De gedeputeerde verzekerde hem dat er op dit moment nog geen problemen waren met de instandhoudingsdoelen of het beheer.

Stemming
Het voorstel werd aangenomen met 36 stemmen voor (inclusief die van GrienLinks) en 5 stemmen tegen (FvD, Wymenga en PvdD)

FRYSKE TEKST

Ynvasive eksoaten bestride

“Planten en bisten dy’t hjir troch minsken ymportearre binne, hawwe faak gjin natuerlike fijannen en kinne dêrtroch in pleach foarmje. Spitigernôch moatte wy dan yngripe, omdat de biodiversiteit yn ‘e knipe komt,” sei Jochem Knol by de behanneling fan de notysje ‘Invasieve exoten’ op 30 novimber 2022.

Wetterkrassula

Ien fan de foarbylden fan in ynvasive eksoat is wetterkrassula. Fan oarsprong in úthiemsk plantsje dat brûkt wurdt yn fivers en akwaria. Sa is it plantsje yn it bûtengebiet telâne kaam. Op ûnder oare Skylge is de wetterkrassula in pleach, wêrtroch’t de seldsume en kwetsbere soarten yn de dúnfalleien fuortdrukt wurde. Mar bygelyks ek de Japanske ‘Duizendknoop’ is hast net út te rûgjen en bringt skea ta oan fundearringen fan diken en gebouwen.

Finânsjes

Jochem Knol: “It is goed dat de ‘Beleidsnotitie Invasieve Exoten’ no oan de oarder komt en dat der in begjin makke wurdt mei de bestriding fan úthiemske planten en bisten dy’t foar oerlêst soargje. De finansiering fan it belied jout ús soargen. Foar it kommende jier is der in bedrach beskikber fan € 400.000,-. Dat sil fierste min blike te wêzen en wat sille wy de jierren dêrnei dwaan? Bestriding hat in oanhâldende oanpak nedich en ien kear dêr jild foar beskikber te stellen, liket op weismiten jild. Lykas GrienLinks yn de kommisje al oanjoech, sykje wy nei mooglikheden foar langetermynfinansiering. Wy tsjinje dan ek yn ‘e mande mei de CU in amendemint yn om yn alle gefallen foar 2024 middels beskikber te stellen. Dit amendemint waard oannaam.

Behear natuergebieten ûnder druk?

Jochem Knol frege de deputearre: “Kloppet it dat it needsaaklike behear fan de Natura2000 gebieten efterbliuwt as gefolch fan in greep út de natuerpaktjilden? En wat wurdt der dien om problemen oangeande it behear foar te kommen, wylst no al de ynstânhâlding fan de natuerdoelen ûnmooglik blykt? Is dit bepraat mei it ministearje fan LNV?”
Douwe Hoogland: “Mei dizze oanpak foarkomme wy dat oare (lânseigen) soarten ferkrongen wurde.” De deputearre fersekere him dat der op dit stuit noch gjin problemen wiene mei de ynstânhâldingsdoelen of it behear.

Stimming

It foarstel waard oannaam mei 36 stimmen foar (ynklusyf dy fan GrienLinks) en 5 stimmen tsjin (FvD, Wymenga en PvdD )

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *