Meer mogelijkheden voor energie op eigen kracht

Klik hjir foar de Fryske tekst

“Voorzitter, GrienLinks is verheugd dat zo ontzettend veel mensen in Fryslân aan de slag zijn gegaan met energie in de eigen regio. Eigen energievoorziening geeft onafhankelijkheid, geeft zeggenschap, geeft toekomst. Door samen te werken met lokale bondgenoten vergroot je de slagkracht zónder in te hoeven boeten aan invloed. Zo wordt energie betaalbaar en toegankelijk voor het individu. Zo landen de opbrengsten rechtstreeks in de gemeenschap in plaats van bij naamloze investeerders”, sprak Charda Kuipers bij de behandeling van een motie vreemd van het CDA, GrienLinks en andere partijen in de Statenvergadering op 30 november 2022.

Vervolg betoog Charda Kuipers:

“In de propositie ‘Een energiek en zelfstandig Fryslân’ staan vele standpunten die we van harte onderschrijven. We zien potentie in de genoemde ‘energiehubs’ en dienen daarom met het CDA en vele anderen een motie vreemd in om dit concept als provincie op te pakken. Want als GrienLinks zien we de worsteling in het veld met lede ogen aan. De knellende provinciale beleidskaders staan energiecoöperaties in de weg bij de zoektocht naar een lokaal passende en optimale energiemix.

Wat GrienLinks betreft weten inwoners binnen de regio vaak donders goed hoe er rekening houdend met de omgevingswaarden en draagvlak van omwonenden – een sluitend plan te maken valt. De beperkingen op het plaatsen van zonneveldjes en de grote beperkingen en verboden op windenergie dwingen ons om andere vormen van opwekken van energie te onderzoeken. De provincie wedt daarbij met groen gas wat ons betreft op het verkeerde paard. Laat het in plaats daarvan een plek krijgen binnen een brede mix, maar dat terzijde.

Voorzitter, om de onbegrijpelijkheid van de huidige regels toch even te benadrukken wil ik mijn collega-Statenfracties graag aan de hand van een praktijkvoorbeeld laten zien wat de negatieve neveneffecten zijn van ons huidige provinciale beleid:
Een niet nader te noemen energiecoöperatie heeft onlangs nee op het rekest gekregen voor het plaatsen van drie Groninger windmolentjes op een boerenerf. De plannen waren gewenst in de mienskip. Aan álle voorwaarden werd voldaan, tot aan bestemmingsplan toe overal groen licht. Alleen het plaatsen van de molens zou in beheer van de coöperatie zijn i.p.v. de individuele boer, en die onvoorziene omstandigheid maakt dat er geen molentjes komen (deze periode dan).
Kan het college mij uitleggen hoe dit praktijkvoorbeeld heeft bijgedragen aan het voorkomen van landschapsvervuiling of het beschermen van draagvlak onder omwonenden?

Voorzitter, de klimaatmonitor heeft laten zien dat we nog een lange weg te gaan hebben om energie te besparen en dat wat we nodig hebben duurzaam op te wekken. Daarom zijn we enthousiast om te zoeken naar meer mogelijkheden voor mensen en organisaties die lokaal aan de slag willen gaan met een gezamenlijke eigen energievoorziening.

Voorzitter, we hopen dat dit college voortvarend met de motie aan de slag zal gaan, en anders doen we het zelf wel, na de verkiezingen.

Uitslag stemming:
De motie van het CDA, die GrienLinks mee indiende met vele andere partijen, werd met een grote meerderheid aangenomen.

FRYSKE TEKST

Mear mooglikheden foar enerzjy op eigen krêft

“Foarsitter, GrienLinks is bliid dat safolle minsken yn Fryslân oan de slach gien binne mei enerzjy yn de eigen regio. Eigen enerzjyfoarsjenning jout ûnôfhinklikheid, jout sizzenskip, jout takomst. Troch gear te wurkjen mei lokale bûnsmaten fergruttet men de slachkrêft sûnder ynfloed ynleverje te hoegen. Sa wurdt enerzjy betelber en tagonklik foar it yndividu. Sa komme de opbringsten streekrjocht yn de mienskip telâne, yn stee fan by namleaze ynvestearders”, spruts Charda Kuipers by de behanneling fan in moasje frjemd fan it CDA, GrienLinks en oare partijen yn de Steategearkomste op 30 novimber 2022.

Ferfolch útiensetting Charda Kuipers:

“Yn de proposysje ‘Een energiek en zelfstandig Fryslân’ stean in soad stânpunten dy’t wy fan herten ûnderskriuwe. Wy sjogge potinsje yn de neamde ‘enerzjyhubs’ en tsjinje dêrom mei it CDA en in soad oare partijen in moasje frjemd yn om dit konsept as provinsje op te pakken.
Want as GrienLinks sjogge we de wrakseling yn it fjild mei soarch oan. De beheinende provinsjale beliedsramten steane enerzjykoöperaasjes yn it paad by de syktocht nei in lokaal passende en optimale enerzjymiks.

Wat GrienLinks oanbelanget witte ynwenners binnen de regio faak bliksemse goed hoe’t der – rekken hâldend mei de omjouwingswearden en it draachflak fan omwenners – in slutend plan te meitsjen falt. De beheiningen op it pleatsen fan sinnefjildsjes en de grutte beheiningen en ferbodden op wynenerzjy twinge ús om oare foarmen fan opwekken fan enerzjy te ûndersykjen. De provinsje weddet dêrby mei grien gas wat ús oanbelanget op it ferkearde hynder. Lit it yn stee dêrfan in plak krije binnen in brede miks, mar dat litte we hjir mar gewurde.

Foarsitter, om de ûnbegryplikheid fan de hjoeddeiske regels dochs efkes te beklamjen, wol ik myn kollega-steatefraksjes graach oan ‘e hân fan in praktykfoarbyld sjen litte wat de negative njonkeneffekten binne fan ús hjoeddeistich provinsjaal belied: In net neier te neamen enerzjykoöperaasje hat koartlyn nee op it rekest krigen foar it pleatsen fan trije Grinzer wynmûntsjes op in boerehiem. De plannen wiene in winsk fan de mienskip. Oan alle betingsten waard foldien, oant bestimmingsplan ta, oeral grien ljocht. Allinne it pleatsen fan de mûnen soe yn behear fan de koöperaasje wêze yn stee fan de yndividuele boer, en dy ûnfoarsjoene omstannichheid makket dat der gjin mûntsjes komme (dizze perioade dan). Kin it kolleezje my útlizze hoe’t dat praktykfoarbyld bydroegen hat oan it foarkommen fan lânskipsfersmoarging of it beskermjen fan draachflak ûnder omwenners?

Foarsitter, de klimaatmonitor hat sjen litten dat wy noch in lange wei te gean hawwe om enerzjy te besparjen en dat wat wy nedich hawwe duorsum op te wekken. Dêrom binne wy entûsjast om te sykjen nei mear mooglikheden foar minsken en organisaasjes dy’t lokaal oan de slach wolle mei in mienskiplike eigen enerzjyfoarsjenning.

Foarsitter, wy hoopje dat dit kolleezje mei de moasje oan de slach sil, en oars dogge wy it sels wol, nei de ferkiezingen.

Utslach stimming: De moasje fan it CDA, dy’t yn ‘e mande mei GrienLinks en in soad oare partijen yntsjinne waard, waard mei in grutte mearderheid oannommen.

Geef een antwoord

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *