“Wy hawwe as provinsje út de funksje as ’Taalskipper’ wei de plicht ús yn te setten om de Fryske taal en kultuer te fersterkjen. Ik hoopje dat wy dy ferantwurdlikheid ek de kommende jierren nimmen bliuwe en de Fryske Akademy en harren gearwurkingspartners yn de útfiering stypjen bliuwe. Wy tsjinje mei D66 in moasje mei yn oer de gearwurking binnen Europa.” Elsa van der Hoek spruts wurdearjend oer de ynset fan de Fryske Akademy en stimde foar it foarstel om in (bettere) kennis- en wittenskipsynfrastruktuer yn Fryslân út te wurkjen.”
Klik hier voor de Nederlandse tekst
Fryske Akademy rêden en no fierder
De oanbefellings fan de Taskforce Fryske Akademy wiene yn 2019 de folgjende:
A. de formele governance tusken de Fryske Akademy en de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen;
B. de finansjele situaasje by de Fryske Akademy dy’t maatregels op koarte termyn freegje;
C. de ûntwikkeling fan in eigen kennis- en wittenskipsbelied yn Fryslân
De Steaten hawwe op 18 desimber 2019 besletten om fiif jier lang 1 miljoen euro ekstra beskikber te stellen en ien kear € 350.000 foar reorganisaasjekosten. Tagelyk is Fryske Akademy los kaam te stean fan de KNAW en is der in nije direkteur oansteld.
Op 22 febrewaris 2023 waard yn it foarstel oan de Steaten it beslút foarlein om, as útwurking fan oanbefelling, yn te stimmen mei, C: de Gearwurkingsaginda Fryske Taal en Kultuer. Dizze aginda moat in eigen kennis- en wittenskipsbelied foar Fryslân ûntwikkelje. Dat bart yn de foarm fan in (1) kennisaginda (2) in mission statement foar de Fryske taal/in langetermyndoelstelling mei in ’roadmap’ en (3) de realisaasje fan in mienskiplike útfieringsaginda.
Bydrage Elsa van der Hoek
Elsa van der Hoek: “Lykas yn harren strategysk beliedsplan 22/27 werom te lêzen is, hat de Fryske Akademy in tige drege perioade trochmakke. Yn de PS yn desimber 2019 hat it funksjonearjen en de output fan de Fryske Akademy oan de oarder west en ek GrienLinks wie tige kritysk oer de finansjele bydrage oan – en output fan de Fryske Akademy. Wy neamden it sels in boaiemleaze put. Foar de belutsen meiwurkers, ûndersikers en wittenskippers, hat dit in pynlike tiid west, wêrby’t se in soad krityk krigen oer it wurk dat sy mei in soad passy útfierden. Mar wa wist no krekt wat de Fryske Akademy yn dat moaie pân útfierde?
Goed is dan ek om yn it beliedsplan te lêzen dat de Fryske Akademy himsels as doel steld hat om oer 10 jier foar gjinien mear de ûnbekende akademy te wêzen. Dat gjinien him mear ôffreget wat de Fryske Akademy docht, mar hoe’t je dêrby belutsen wêze kinne.
Kompliminten oan de Fryske Akademy foar hoe’t se har dêr fermanne hawwe en wurke hawwe oan de opdrachten út de taskforce. Der is reorganisearre, profilearre en der wurdt gearwurke. De Fryske Akademy is sichtberder wurden.
Wy sille dan ek ynstimme mei senario 3 en mei de gearwurkingsaginda Fryske taal en Kultuer. Fanút de FA/Mercator is der in Europeesk netwurk, dêr’t de FA yn foaroprint yn de ûndersiken nei minderheidstalen.
Dy hat de opdracht: Bring Fryslân nei Europa en helje Europa nei Fryslân. Dat past hjir perfekt yn.”
Stimming
It foarstel waard oannaam mei 40 stimmmen foar en 2 stimmen tsjin (PVV).
De moasje fan D66, GrienLinks, FNP, CU, CDA foar mear gearwurking yn Europa waard oannaam mei 36 stimmen foar en 6 stimmen tsjin (PVV, FvD, Wymenga).
De moasje fan CU, D 66, FNP, CDA foar in kertiermakker jild en ynset by Kadernota waard oannaam mei 40 stimmen foar en 2 tsjin (PVV)
De moasje fan FvD, PVV en FNP foar de learstoel Frysk nei de RUG/Campus Fryslân waard oannaam mei 38 stimmen foar en 4 stimmen tsjin (VVD).
NEDERLANDSE TEKST
Fryske Akademy, de Friese taal en de kennis- en wetenschapsagenda
We hebben als provincie vanuit de functie als ‘Taalskipper’ de plicht ons in te zetten om de Friese taal en cultuur te versterken. Ik hoop dat we die verantwoordelijkheid ook de komende jaren blijven nemen en de Fryske Akademy en hun samenwerkingspartners in de uitvoering blijven steunen.
We dienen een motie met D66 mee in over de samenwerking binnen Europa.” Elsa van der Hoek sprak waarderend over de inzet van de Fryske Akademy en stemde voor het voorstel om een (betere) kennis- en wetenschapsinfrastructuur in Fryslân uit te werken.
Fryske Akademy gered en nu verder
De aanbevelingen van de Taskforce Fryske Akademy waren in 2019 de volgende:
A. de formele governance tussen de Fryske Akademy en de Koninklijke Nederlandse Akademie van
Wetenschappen;
B. de financiële situatie bij de Fryske Akademie die maatregelen op korte termijn vragen;
C. de ontwikkeling van een eigen kennis- en wetenschapsbeleid in Fryslân
De Staten hebben op 18 december 2019 besloten om vijf jaar lang 1 miljoen euro extra beschikbaar te stellen en eenmalig € 350.000,- voor reorganisatiekosten beschikbaar te stellen. Tegelijk is Fryske Akademy los komen te staan van de KNAW en is er een nieuwe directeur aangesteld.
Op 22 februari 2023 wordt in het voorstel aan de Staten het besluit voorgelegd om in te stemmen met, als uitwerking van aanbeveling C: de Gearwurkingsaginda Fryske Taal en Kultuer. Deze agenda moet een eigen kennis- en wetenschapsbeleid voor Fryslân ontwikkelen. Dat gebeurt in de vorm van een (1) kennisagenda (2) een mission statement voor de Friese taal/een langetermijndoelstelling met een ‘roadmap’ en (3) de realisatie van een gemeenschappelijke uitvoeringsagenda.
Bijdrage Elsa van der Hoek
Elsa van der Hoek: “Zoals in hun strategisch beleidsplan 22/27 is terug te lezen, heeft de Fryske Akademy een zeer moeilijke periode doorgemaakt. In de PS in december 2019 is het functioneren en de output van de Fryske Akademy aan de orde geweest en ook GrienLinks was zeer kritisch over de financiële bijdrage aan- en output van de Fryske Akademy. We noemden het zelfs een bodemloze put. Voor de betrokken medewerkers, onderzoekers en wetenschappers, is dit een pijnlijke tijd geweest waarbij ze veel kritiek ontvingen over het werk dat zij met veel passie uitvoerden. Maar wie wist nu precies wat de Fryske Akademy in dat mooie pand uitvoerde?
Goed is dan ook om te lezen in het beleidsplan dat de Fryske Akademy zichzelf als doel heeft gesteld om over 10 jaar voor niemand meer de onbekende academie te zijn. Dat niemand zich meer afvraagt wat de Fryske Akademy doet, maar hoe je daarbij betrokken kunt zijn.
Complimenten aan de Fryske Akademy hoe zij zich heeft herpakt en heeft gewerkt aan de opdrachten uit de taskforce. Er is gereorganiseerd, geprofileerd en er wordt samengewerkt. De Fryske Akademy is zichtbaarder geworden.
Wij zullen dan ook instemmen met scenario 3 en met de samenwerkingsagenda Fryske taal en Cultuur.
Vanuit de FA/Mercator is er een Europees netwerk, waarin de FA Europees netwerk, waarin de FA vooroploopt in de onderzoeken naar minderheidstalen.
Deze heeft de opdracht: Bring Fryslân nei Europa en helje Europa nei Fryslân. Dat past hier perfect in.”
Stemming
Het voorstel werd aangenomen met 40 stemmmen voor en 2 stemmen tegen (PVV).
De motie van D66, GrienLinks, FNP, CU, CDA voor meer samenwerking in Europa werd aangenomen met 36 stemmen voor en 6 stemmen tegen (PVV, FvD, Wymenga).
De motie van CU, D66, FNP, CDA voor een kwartiermaker geld en inzet bij Kadernota werd aangenomen met 40 stemmen voor en 2 tegen (PVV)
De motie van FvD, PVV en FNP voor de leerstoel Frysk naar de RUG/Campus Fryslân werd aangenomen met 38 stemmen voor en 4 stemmen tegen (VVD).