Idske Koopmans
Commissielid
(Fryske tekst, NL vertaling hieronder)
As besiele Friezinne bin ik aktyf foar ferskate boargerinisjativen. Ik leau dan ek yn de krêft fan de mienskip, ‘fan ûnderop!’. Der is hieltyd mear ferlet en der binne hieltyd mear mooglikheden. GrienLinks is de partij dy’t de goede ferbining lizze kin. Yn ‘e mande mei GrienLinks wol ik Fryslân fierder yn syn krêft sette. Fryslân is in hiel bysûnder plak om te wenjen, mei gelokkige ynwenners en dat wol ik graach sa hâlde. Ik wol Fryslân noch mear ûnderskiede mei it unike lânskip, de mienskip, de taal en kultuer.
De nije Omjouwingswet en de Enerzjytransysje biede folop kânsen, mar de provinsje moat hjir wol yn stypje mei heldere regeljouwing en doelstellingen. Boppedat moat der spylromte makke wurde foar ús pionierjende mienskip. Der moat oan it begjin fan de projekten al folle better nei de boargers harke wurde. By ûnder oare stjoermêsten moat it belang fan ‘e sûnens fan boargers mear meispylje.
De Enerzjytransysje wurdt troch GrienLinks oppakt op de manier dy’t past by Fryslân: sels dwaan en fan ûnderop! Gjin inkelde provinsje hat safolle enerzjykoöperaasjes. Fasilitearje dizze krêft, kennis en kunde en lit dizze projekten te’n goede komme oan de doarpen sels. Grutte projektûntwikkelers binne net de oplossing!
Fryslân moat dé provinsje mei it sûnste leefklimaat wurde. Ynvestearje yn sûn iten, skjin wetter en frisse lucht troch duorsume enerzjy, yn de unike Fryske taal en kultuer en yn it leefber hâlden fan ús plattelân. Der moat fierder ynvestearre wurde yn goed iepenbier ferfier en it útrôljen fan glêsfezel.
Fryslân soe dé provinsje wurde moatte dêr’t húshâldingen harren bern opgroeie litte wolle, dé provinsje dy’t ynvestearret yn kennis, sadat jongere minsken harren nijsgjirrichheid fierder ûntploaie kinne, de kreative provinsje dêr’t ûndernimmers harren ûntwikkelje mei respekt foar de natuer. De sosjale provinsje dêr’t âlderen – it hert fan ús mienskip – fitaal âld wurde kinne op harren eigen tempo yn harren eigen omjouwing. Dat is it Fryslân fan myn hert!
NL
Als bevlogen Friezin ben ik actief voor diverse burgerinitiatieven. Ik geloof dan ook in de kracht van de mienskip, ‘fan ûnderop!’. Er is steeds meer behoefte en er zijn steeds meer mogelijkheden. GrienLinks is de partij die de juiste verbinding kan leggen. Samen met GrienLinks wil ik Fryslân verder in zijn kracht zetten. Fryslân is een hele bijzondere plek om te wonen, met gelukkige inwoners en dat wil ik graag zo houden. Ik wil Fryslân nog meer onderscheiden met het unieke landschap, de mienskip, de taal en cultuur.
De nieuwe Omgevingswet en de Energietransitie bieden volop kansen, maar de provincie moet hier wel in ondersteunen met heldere regelgeving en doelstellingen. Bovendien moet er speelruimte worden gemaakt voor onze pionierende mienskip. Er moet aan het begin van de projecten al veel beter naar de burgers worden geluisterd. Bij onder andere zendmasten moet het gezondheidsbelang van burgers meer meespelen.
De energietransitie wordt door GrienLinks opgepakt op de manier die past bij Fryslân: self dwaan en fan underop! Geen enkele provincie heeft zoveel energiecoöperaties. Faciliteer deze kracht, kennis en kunde en laat deze projecten ten goede laten komen aan de dorpen zelf. Grote projectontwikkelaars zijn niet de oplossing!
Fryslân moet dé provincie met het gezondste leefklimaat worden. Investeren in gezond eten, schoon water en frisse lucht door duurzame energie, de unieke Fryske taal en cultuur en het leefbaar houden van ons platteland. Er moet verder geïnvesteerd worden in goed openbaar vervoer en uitrol van glasvezel.
Fryslân zou dé provincie moeten worden waar gezinnen hun kinderen willen laten opgroeien, dé provincie die investeert in kennis zodat jongeren hun nieuwsgierigheid verder kunnen ontplooien, de creatieve provincie waar ondernemers zich ontwikkelen met respect voor de natuur. De sociale provincie waar ouderen – het hart van onze mienskip – vitaal oud kunnen worden op hun eigen tempo in hun eigen omgeving. Dat is it Fryslân fan myn hert!
Portefeuilles
- Omgevingsvisie
- Duurzame energie
- Mienskip
- Veenweiden