GrienLinks hat woansdei 18 febrewaris 2015 tsjin de ynfiering fan de PAS stimd. “Wy ferwachtsje net dat de doelstelling (it fersterkjen fan de ‘biodiversiteit’ yn Natura 2000-gebieten; red.) mei de PAS helle wurdt”, sei Retze van der Honing yn in stimferklearring. Allinne GrienLinks en D66 stimden tsjin de PAS.
PAS stiet foar de saneamde ‘Programmatische Aanpak Stikstof’. Doel fan de PAS is de delstjit fan stikstof (sis mar: ammoniak) yn natoergebieten (Natura 2000-gebieten benammen) te ferminderjen. De te hege útstjit hat nammentlik as gefolch dat in soad planten dy’t min oer te folle stikstof kinne, yn dy gebieten ferdwine. Mar de PAS is foaral basearre op téoretyske kompjûtermodellen en op technyske yngrepen. De feebesetting yn de neiste omkriten fan de natoergebieten wurdt der net lytser fan. En dat is al nedich, stiet te lêzen yn it Nationaal Mileubeleidsplan 4, fan 2001.