Fer­kiezings­pro­gram­ma Fryslân Fer­bynt Gear­fetting

Yn ús ferkiezingsprogramma ‘Fryslân ferbynt’ jouwe wy wiidweidich oan wêr’t GrienLinks foar stiet. Yn `e mande mei de bewenners fan Fryslân sille wy ús bêst dwaan om dúdlike karren te meitsjen op it mêd fan klimaat, besteanswissichheid en natuer.

Werstel fan fertrouwen

Ferbining sykje. Dat is dêr’t GrienLinks Fryslân foar stiet. We witte dat wurke wurde moat oan werstel fan it fertrouwen tusken de bewenners fan Fryslân en de polityk. Dêrom wolle wy dat de provinsje tagonklik is foar alle ynwenners en dat binnen de regels de minsklike maat liedend is. Harkje, mar ek earlik doarre te wêzen oer wat wol en net kin, want te lang binne problemen net oanpakt en binne oplossingen útsteld.

Foarkom enerzjyearmoede troch enerzjybesparring

De provinsje kin lang net alles oplosse, mar hat wol in wichtige taak yn de soarch foar ús omjouwing. Wy libje mei in hiel soad minsken yn in gebiet dat foar in grut part ûnder de seespegel leit. De seespegel giet omheech. De generaasjes nei ús meie fan ús ferwachtsje dat wy no maatregels nimme om drûge fuotten te hâlden en de gefolgen fan de klimaatferoaring betelber te hâlden. GrienLinks set dêrom fol yn op enerzjybesparring en betelbere wenten, dêr't wy foaral minsken mei legere ynkommens by helpe wolle. De opbringsten fan bygelyks wynmûnen moatte net nei grutte bedriuwen gean, mar te’n goede komme oan ús ynwenners en ferieningen.

Dúdlikheid foar de boeren én de natuer

Boeren én ús natuer freegje om dúdlikheid. De balâns tusken wat de natuer oankin en it yntinsive gebrûk fan de grûn is fier te sykjen. It tal soarten planten en bisten nimt noch hieltyd ôf. Dat moat oars. We freegje in hiel soad fan yndividuele boeren, lykas it werombringen fan it brûken fan gif en it ferleegjen fan de útstjit fan stikstof. GrienLinks wol mei de boeren dy útdaging oangean en de kennis dy’t boeren hawwe, brûke. Dêrby ferlieze wy de ynkommensposysje fan boeren net út it each. Mar de natuer moat wer better syn gerak krije en de kwaliteit fan ús omjouwing moatte we ferbetterje. Dat kin wat GrienLinks oanbelanget net wachtsje, ôfspraak is ôfspraak. Elkenien hat rjocht op skjin wetter, skjinne lucht en in skjinne boaiem. Dat mei gjin lúkse wêze. Mar it betsjut ek dat net allinnich de boeren, mar ek ynwenners en bedriuwen harren ynsette moatte om stikstof en it brûken fan gif werom te bringen. Wy moatte sunich wêze mei ús grûnstoffen. GrienLinks wol dat de provinsje ynset op sirkulariteit. As we no wat meitsje, moatte we ek no al neitinke oer hoe’t we de brûkte materialen letter wer op ‘e nij brûke kinne. Sa hâlde wy ús provinsje skjin en skowe wy problemen net troch nei ús bern.

In feilich, gastfrij en minskweardich Fryslân

Wy wenje yn in provinsje mei in prachtige eigen taal en kultuer. Dêr binne we sunich op, en grutsk. De provinsje moat him dan ek ynsette foar it behâld fan ús taal en kultuer. Ek minsken en ferieningen dy’t harren sterk meitsje foar oaren fertsjinje de stipe fan de provinsje. Foar GrienLinks is elkenien yn Fryslân gelyk en we wolle dat alle minsken harren feilich fiele. Der bart in hiel soad yn de wrâld en ek Fryslân hat in eigen ferantwurdlikheid om minsken dy't feilichheid sykje op te fangen en in minskweardich bestean te jaan.