Frysk spotsje mei Femke Halsema in earfolle fermelding

irona-reklampriis1.jpgfemke-bus.jpg
GrienLinks hat de Fryske Reklamepriis foar it bêste Frysktalige radiospotsje fan 2007 net wûn.

Wol krige de partij foar in Frysk spotsje mei Femke Halsema in earfolle fermelding.
Dêr sieten in lytse replika fan it stânbyld fan Grutte Pier en in moai bosk blommen by.
Fraksjefoarsitter Irona Groeneveld fan de GrienLinks-steatefraksje hat dizze prizen tiisdei 18 maart tidens de Bedriuwekontaktdagen yn ûntfangst nommen út hannen fan
deputearre Jannewietske de Vries.
De earste priis foar de radiospot gie nei de Dokkumer Vlaggencentrale,
foar in wat langere spot as dy fan GrienLinks. De oare earfolle fermelding wien foar Waanders
útjouwerij foar in reklamespot mei ferslachjouwer Klaas Jansma, dy’t in rige boekjes oer de skiednis fan de Fryske wâlden oanrikkemandearre.
By de televyzjespots gie de priis nei de griffy fan de Provinsje Fryslân, foar de reklame wêryn’t Friezen
oproppen waarden om op 7 maart te stimmen (‘Jou lûd’).

It gie om in rige fan trije, mei in jonge kiezer,
in kiezer fan middelbere leeftiid en in âldere kiezer.

De earfolle fermeldings giene nei de commercial ‘Jo fine it yn de Gouden Gids’ en in spot oer
de ‘Kwaliteitsbêden’ van Meulen & Baarsma.

De taspraak fan sjueryfoarsitter frou Willy van der Meer is te finen fia de webside fan
Omrop Fryslân

De Fryske Reklamepriis is bedoeld foar opdrachtjouwers én de reklameburo’s dy’t de reklamespots betocht hawwe. De priis bestiet út in jildbedrach en de winners krije in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert.