Afscheid Retze van der Honing na tien jaar Staten

Op 26 september 2018 nam Retze van der Honing afscheid van de Provinciale Staten. Hij heeft tien jaar in de Staten voor GrienLinks gezeten. Zowel in 2011 als in 2015 (na elke periode van vier jaar) door zijn collega’s verkozen tot beste debater. Een oude rot in het vak met een groot hart. En met een niet aflatende inzet voor een groene en linkse samenleving. Hij gaat verder als raadslid in Heerenveen voor GroenLinks.

Als afscheidscadeau bood zijn fractie hem namens zijn collega-Statenleden een eenmalige uitgave van het blad ‘Retze’ aan. Retze is liefhebber van glossy’s :-).

Afscheidsspeech lezen?

Hij sprak zijn collega’s toe met de volgende woorden:
(vertaling volgt)
“Foarsitter, komt it allegearre wol goed?
Komt it wol goed mei Fryslân en mei de rest fan de wrâld?
Komt it wol goed mei de demokratsy?

By de lêste ferkiezingen foar de provinsjale Steaten hellen wy in opkomstpercentage fan wat mear dat 50% Net sa min foar de Steaten mar út eachpunt fan demokratsy fansels fiersten te min. Dat is te leech. Dat moat better.
Tusken twa haakjes: Omtrint 10.000 friezen stemden op GrienLinks. Dat liket soad mar ek dat kin better.
In lege opkomst rekket oan de demokratyske legitimaasje de kar dy wy hjir meitsjen. Dwaan wy dat wol goed? Soene wy net folle mear oan de mienskip sels moatte overlaten.

Wy libben net yn in tiidrek fan feroaring mar yn in feroaring fan tiidrek, lykas Jan Rotmans dat sa treffend seit.
Dat jildt benammen foar hoe ús maatskippij him sels organisearret en hoe de demokratsy dêryn in plak hat. Is it noch wol fan dizze tiid dat in lyts klupke minsken út namme fan it folk de kar makket. Is dat noch wol nedich? Moatte wy hjir bepale wêr minsken har enerzjy wei helje bygelyks? Kin in stêd, doarp of in buert dat net sels?

Moatte wy it politike debat net oars, iepener en eigentijdser organisearjen? Komt dat wol goed? Miskien wol, want dizze Steaten binne seine mei een geweldige griffie, aangevoerd troch in bûtengewoan saakkundige griffier. Mei ik dat sa sizze: seine? Ja dat mei! Mar it let onverlet dat de polityk de oansluting mei de maatskippij sels net mei ferlieze.

It is goed dat wy mear ferbining meitsjen tusken de provinsjale werkorganisatie en de volksvertegenwoordiging. Wy hawwe saakkundige minsken yn tsjinst en de provinsje is op jacht nei noch mear getalenteerd minsken dy aanst op in eigentiidske en moderne manier it wurk kinne dwaan. Fanút ferskillende rollen stean polityk en meiwurkers foar deselde opjeften. Mar der moat noch soad barre. Wy hawwe in nije, farske direkteur dy’t de saken mei entûsjasme aanpakt. As it no net goed komt…?

Wat wier net better kin is it ondersteunende personiel hjir ta plak. De bodes, de chauffeurs.
Har tsjinstferliening reikt fier. Hja skeppe oarder en netheid yn de Statenzaal. As ik de administraasje fan it grut tal moties en amendementen op myn bankje oan it bijwerken wie, waard ik dêrby begelaat troch har kommintaar.
Tjonge jonge. Wat in binde. Wy sille it hjir mei de kommissaris oer hawwe, want dit kin wier net langer su. Dat dit alemaal sumaar kin.
It is ek wol bard dat ik ’s de middeis, sa nei it iten, sintsje op it glês yn lead, de eagen efkes dichtdeed. Nea foar lang. Sagau ik betrapet waard wie de oanpak dúdlik en hardhandig: oplette!! Slaape, dat doest thus mar.

De rest fan it amtlik apparaat en de polityk hawwe sa no en dan en soad vager taalgebrûk. Outputtargets, integrale benadering mei iepen planprocessen, opjefte coördinatoren en toekomstgerichte evaluatiecriteria wannear wy yn in expertmeeting tuskentiids it net ophelje. En fansels de onvermijdelijke stip op de hoarizon. Onverstaanbaar jargon, dy’t de measte boargers ûnder har schoenzolen sille smarre. Dêr soe wat oan moatte barre. Hjir giet wat net hielendal goed.

As foarbyld de verbale draaimûne hawwe wy fansels de Beraps, de management-rapportages. Wylst de biodiversiteit dramatisch tebek holt, 70% fan de ynsekten syn uitgestorven de zeespiegel flugger stiicht dan ferwachte, wêrtroch 2065 de wadplaten net mear sille bestean, sjogge wy yn de Beraps útslutend griene bolletjes. “wy lizze op koers, it giet goed is de boodschap” Dat kin allebeide net wêr syn. Der is reden om dy soargen te meitsjen en do ôf te freegjen oft it sa wier wol goed komt.

Efkes in persoanlik feit: Ik ha in pakezisser fan trije jier. Oan dat soart dingen kinsto nea betiid genôch begjinne, sis ik altyd. Serra hyt hja. Serra is in skrander bern. No al is dúdlik dat hja in kritysk karakter hat. Eigenwiis en opmerkzaam. Nettsjinsteande har jonge leeftyd praat hja hûndert út. It kin wat goedkoops hawwe om dy pake-/beppesizzer te belûken by in polityk statement. Mar yn it gefal fan Serra doar ik it oan.

As Serra aanst âlder is sil hja my sûnder mis kritische fragen stellen. Dêr rekkenje ik op. Ik sjoch dêr sawol nei út as tegenop.
Wat hasto dien doe’t de flinters uitstoon’? Wat diest do doe’t dúdlik waard dat noch mar 30% fan de insectenpopulatie oer wie. Wat die do om it tij te kearen? Jimme stiene der mei de noas boppe-op!
Foar hokker belangen hasto keazen? Wa hasto beskerme?
Hokker ferantwurdlikheid hasto nommen foar de wrâld wêr ik no yn leef?
Ik wit net hoe de wrâld derút sjocht op it op it momint dat Serra en al dy oare Serra’s aanst dizze fragen gean stellen en wat ik dan moat sizze.
Wy moatte de fragen dus no beantwurdzje. Dwaan wy genôch? Doch ik wol genôch?
Komt it wol goed sa?

– Wat my driuwt yn de provinsjale en gemeentlike polityk is dat wy de meast kwetsbare minsken beskermje en ze het net altyd ferlieze fan de merk en it kapitaal.
– Dat elk bern kânsen kriget. Altyd en oeral.
– Dat LHBT-ers net langer mei gewelt en ôfwizing wurde konfrontearre en dat meikoarten de regenboogvlag, as symboal fan solidariteit, ek op ús provinsjehûs wappert.
– Dat koarte termyn ekonomyske belangen it net altyd winne fan langere termyn ecologische belangen. Dat wy de planten en de bisten rêden.
– Een griene, solidaire en earlike maatskippij. Want dat is wat ik sa graach wol.
Dat alles goed komt.
(stukje over fractieondersteuning)
It is moai, dat ús kommissaris troch de bodes ondersteunt wurdt, sy it ongevraagd, by syn handhavende en oarder bewakende taken yn dizze seal. Want hy hat it drok. Wy hawwe in echte us kommissaris. Wy hawwe de verbinder krigen dy’t de Steaten sa graach woene. In provinsjaal boegbeeld!

Hjoed is ek it ôfskie fan Richard Klerks. Richard hat keazen foar in stil ôfskie. Margreet Mulder kin hjoed net oanwêzich syn. Foar praat ik de winsk út en soe ik tsjin har wolle sizze: alles komt wol wer goed.
Ik betank elkenien hjir foar de gearwurking yn de ôfrûne 10 jier. In soad tank foar jimme geduld, freonskip en incasseringsvermogen. Litte wy útsprekke dat alles goed komt! Betanke wol.”