It meast resinte Provinsjaal Ferkears- en Ferfierplan, yn de Fryske provinsjale polityk neffens de Hollânsktalige titel meastal ôfkoarten as PVVP, datearret fan 2006. Sa’n plan rint meastal in jier as tsien. Dat is frij lang, dêrom is mei Provinsjale Steaten ôfpraat, dat it rûchwei op healwei hifke (evaluearre) wurde soe. Hoe’t dy hifking krekt barre moast en troch wa, dat hawwe PS fierhinne oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oerlitten.
It evaluaasjerapport leit der no. It docht bliken dat it skreaun is troch de amtlike tsjinst fan de provinsje sels. Dus de amtners hawwe harren eigen wurk hifke. “Unôfhinklik”, neamt deputearre Piet Adema (CU, ferkear en ferfier) soks lykwols. “Dit raast oan de protters”, wie de earste reaksje fan GrienLinks-steatelid Irona Groeneveld. Verder lezen

