Yn de drokste seizoentiid – de trije wiken fan de noardlike boufakfakânsje – wachtsje boatsjefarders dy’t troch de slûs fan Starum wolle, soms mear as fjouwer oeren, ear’t se fan de Iselmar ôf Fryslân yn farre kinne, of oarsom, de Iselmar op kinne. Dat der dêrom sawol foar de skutkapasiteit as foar de feiligens útwreiding fan de slûs nedich is, dat ûnderskriuwt GrienLinks-steatelid Retze van der Honing, sei er 16 septimber yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Mar meitsje de oplossing net te djoer, wie koart sein syn pleit. Hy brocht dêrom in moasje yn, dat der in “taakstellend” budzjet fan heechút 20 miljoen euro komme moast en in tariedingskredyt fan sân ton. In stik leger as yn it foarstel fan it kolleezje fan Deputearre Steaten, mei 29,4 miljoen euro (ynklusyf bourinte) foar it útwreidzjen en 750.000 euro foar de tarieding.
Retze basearret syn bedraggen op de suggestje út Starum sels wei, dat it ferlingjen fan de besteande slûs rjochting Johan Frisokanaal wierskynlik folle goedkeaper is as it ferdûbeljen neist de besteande slûs. Deputearre Jannewietske de Vries sei ta, dat dy mooglikheid net útsletten wurdt. Mar yn de skriftlike taljochting fan it beslút dat foarlei, stiet soks net. Dêrom tsjinne Retze syn foarstel dochs yn. GrienLinks krige allinne stipe fan de SP. Om fuortgong net op te kearen, hat GrienLinks úteinlik dochs ynstimd mei it kolleezjefoarstel.
It bliuwt noch ôfwachtsjen oft ingenieursburo’s dy’t in bek sette op dizze oanbesteging anneks priisfraach, de romte krije foar de “Staverse oplossing”. Ein 2010 moatte Provinsjale Steaten in definityf beslút nimme, is no de plenning.