Kolleezje DS: mear as 22 miljoen besunigje

De provinsje Fryslân besuniget yn in pear jier mear as 22 miljoen euro it jier, as it kolleezje fan Deputearre Steaten syn sin kriget. Dizze besuniging is neffens it kolleezje nedich fanwege de ryksbesunigingen. De grutste klap falt by it ‘lanlik gebiet’. Dêr wurdt sân miljoen euro besunige troch gjin lân mear oan te keapjen foar nije natoer. Dêrnêst besparret de provinsje seis miljoen euro op de eigen organisaasje, bygelyks mei in (tydlike) fakatuerestop en troch minder eksterne adviseurs oan te lûken. Ek wurdt gjin ynflaasjeferheging tapast.

Boppedat hâldt de provinsje op mei it ekstra jild dat de jeugdsoarch no noch krijt boppe-op it jild dat it ryk jout. In soad tydlike subsydzjes wurde stopset en yn 2012 moatte njoggentich organisaasjes it mei tsien prosint minder jild dwaan. Neffens Deputearre Steaten is dat nedich om foar te kommen dat de provinsje aanst te min jild hat. Boppedat moat in nij kolleezje de hannen frij hawwe om sels nij belied te meitsjen.

Yn 2011 sil – sa stiet no yn de ûntwerp-begrutting – fiks yntarre wurde op besteande reserves. Op dy wize besiket it kolleezje de pine te fersêftsjen. Deputearre Steaten soene der ek foar kieze kinne, mear jild te brûken fan de saneamde NUON-Falcon-jilden: de rom ien miljard euro dy’t de ferkeap fan de Fryske NUON-oandielen opsmiten hat. Mar al earder is ôfsprutsen mei Provinsjale Steaten, dat dat jild stutsen wurde sil in projekten dy’t de ekonomyske struktuer fan Fryslân fersterkje moatte.

Sa’t it no liket, sille de beide steatekommisjes B & M en LLW har op woansdei 13 oktober oer de begrutting bûgje, fan 11 oant 16.00 oere. Der is in ekstra steategearkomste op 10 novimber, dy’t (frijwol) alhiel oer de begrutting giet. Doel is dat de begrutting dan (al of net oanpast) fêststeld wurdt.

Meelezen?

GrienLinksers dy’t de steatefraksje helpe wolle om de begrutting mei goeie arguminten te ferbetterjen yn – sis mar – de GrienLinks-rjochting, noegje wy by dizze fan herte út om te reagearjen. De begrutting sels is te finen op de webside fan de provinsje Fryslân: begrutting