
Uterlik 1 oktober 2013 stiet der in fergees te brûken ‘staveringshifker’ (‘spellingscontrole’) foar it Frysk op ynternet, ek brûkber foar mobile telefoan en as ‘app’. De kâns is lykwols grut dat it dan giet om de hjoeddeiske stavering, dus noch sûnder de (beheinde) wizigingen dêr’t de Fryske Akademy drok mei oan it wurk is. “Dat jout mear tiid om nochris nei dy wizigingen te sjen”, sei deputearre Jannewietske de Vries oan de ein fan in debat, freedtejûn 28 juny yn It Aljemint, de konferinsjeseal yn in ferboude tsjerke achter de Fryske Akademy yn Ljouwert.Verder lezen


