Motie GrienLinks aangenomen voor Friese in plaats van Engelse termen

Klik hjir foar de Fryske tekst

“Taskforce veenweidegebied, potato valley, dairy valley, living lab, legacy,” etc. De Engelse termen vliegen je in het provinciehuis om de oren. Terwijl we in onze provincie twee talen hebben: Nederlands en Fries. En terwijl er beleid voor is om de Friese taal te beschermen en het gebruik ervan te stimuleren. Dat moet toch anders kunnen?”, vindt GrienLinks fractievoorzitter Matthijs Sikkes-van den Berg. Daarom pleitte hij er in de Statenvergadering op 26 juni over het coalitieakkoord voor dat namen die door de provincie bedacht worden Fries zijn. Hij diende een motie in, die mee ingediend werd door D66 en de PVV. De motie werd in grote meerderheid aangenomen.

FRYSKE TEKST

“Taskforce feangreidegebiet, potato valley, dairy valley, living lab, legacy,” ensfh. De Ingelske termen fleane je yn it provinsjehûs om ‘e earen. Wylst we yn ús provinsje twa talen hawwe: Nederlânsk en Frysk. En wylst der belied foar is om de Fryske taal te beskermjen en it gebrûk dêrfan te stimulearjen. Dat moat dochs oars kinne?”, fynt GrienLinks fraksjefoarsitter Matthijs Sikkes-van den Berg. Dêrom pleite er der yn de Steategearkomste op 26 juny oer it koälysje-akkoart foar dat nammen dy’t troch de provinsje betocht wurde Frysk binne. Hy tsjinne in moasje yn, dy’t mei yntsjinne waard troch D66 en de PVV. De moasje waard yn grutte mearderheid oannaam.

Fryske Steaten al wer ienriedich oer stavering Frysk

Ofgeand op de reboelje oer de stavering fan it Frysk, yn 2013 en 2014, soe men ek reboelje, of alteast ferskil fan miening ferwachtsje oer dit ûnderwerp yn Provinsjale Steaten. Mar sawol op 24 april 2013 as op 10 en 17 desimber 2014 wiene Provinsjale Steaten ienriedich oer in tal wizigings yn de stavering fan it Frysk.

Dat is mei te tankjen oan it feit, dat it giet om in beheind tal wizigings. Neffens in berekkening fan de Fryske Akademy, dy’t de wizigings betocht hat, giet it om 332 wurden. Fan de rom 83.000 wurden dy’t yn it nije ‘griene boekje’ komme te stean, of better sein: op ‘Taalweb’ fan dyselde Akademy. Dat moat in rike, digitale boarne wurde foar it skreaune Frysk, ynklusyf oersethelp Frysk – Nederlânsk en Nederlânsk – Frysk. It is foaral dy digitale help, dêr’t de Steaten wakker nei útseagen (en –sjogge). GrienLinks hat der ta bydroegen, dat er der komt.Verder lezen

GrienLinks: sa folle mooglik duorsume enerzjy, ynklusyf wynmûnen

REC en windmolen zononder. Op de Statenvergadering van 21 mei 2014 dienden Retze van der Honing (GL) en Sylvia Hosman (VVD) samen een motie in. De motie riep op tot een discussie over de mix van duurzame energie die we als provincie willen inzetten om te komen tot die 16 procent duurzaam opgewekte energie in 2020. Retze van der Honing: “Wy binne te folle ôfhinklik fan fossile brânstoffen en it is dúdlik dat we faasje meitsje moatte mei oare wizen fan enerzjy opwekke”. Dat een felle tegenstander van windmolens en een enthousiaste voorstander daarvan samen een motie indienen voor de discussie over de mix van duurzame energie, wekte verbazing bij sommige Statenleden. Retze van der Honing legde uit: “De oanlieding fan it tegearre yntsjinjen fan ‘e moasje wie, dat de diskusje yn Fryslân oer duorsume enerzjy no fersmelle wurdt ta it wol of nèt pleatsen fan wynturbines en sa ja, wêr en hoefolle. Dat driget it draachflak foar duorsume enerzjy te ûndergraven. Troch in ‘mix’ fan ferskillende soarten duorsume enerzjy wurdt de kâns op mear wurkgelegenheid yn Fryslân grutter en dêrmei ek de kâns op mear draachflak.” Verder lezen

Stavering Frysk wurdt justjes oanpast

staveringOp ûnderdieltsjes wurdt de stavering (‘spelling’) fan it Frysk justjes oanpast. Provinsjale Steaten hawwe dat 24 april 2013 yn begjinsel besletten. Dat barde ienriedich, yn tsjinstelling ta 1976. Want doe wiene net allinne de Steaten, mar ek de measte fraksjes ferdield oer de oanpassing fan de stavering.

De Fryske Akademy kin no fierder oan ‘e slach mei it útwurkjen fan de oanpassing. Letter dit jier of begjin 2014 – is it stribjen – sille de Steaten gear oer de feitlike oanpassings. Wannear’t dy fan krêft wurde is lykwols noch ûnwis.
In pear skriftlike fragen fan GrienLinks yn april 2011 hawwe dit yn gong setten.Verder lezen