“Fryslân skalygaswinningsfrij!”

De GrienLinks-fraksje hat fuortdaliks ‘ja’ sein, doe’t SP-steatelid Fenna Feenstra foarstelde om Fryslân út te roppen ta ‘skalygasfrije’ provinsje. Ek de fraksjes fan PvdA en FNP en Jelle Hiemstra (Friese Koers) ûnderskreaunen de oanbelangjende moasje op 18 septimber 2013.
Deputearre Sietske Poepjes wiisde der “pedanterich” op, sei se sels, dat foar ‘skalygasfrij’ jo it gas krekt út de grûn helje moatte soene. “Jo bedoele grif: ‘skalygaswinningsfrij’.”
En dat wie yndie it gefal. Yn de moasje waard oanjûn dat foar de winning fan skalygas “in soad boarrings nedich binne”, dat der mooglik gefolgen binne foar it grûnwetter en dat it fuortlekken fan giftige gassen gefolgen hawwe kin foar folkssûnens en feiligens. Boppedat wol de provinsje Fryslân ta op in fossylfrije enerzjywinning.
Dêrom waarden Deputearre Steaten fersocht “Fryslân út te roppen ta skalygasfrije provinsje” en de moasje ûnder de oandacht te bringen fan de minister fan Ekonomyske Saken en de leden fan de Twadde Keamer. De moasje krige de stipe fan 33 fan de 41 oanwêzige steateleden. VVD, CDA, D66 en PVV stimden tsjin