Superfluch ynternet’ komt stadich op gong

glasvezel GrienLinks stipet de provinsjale finânsiering fan ‘superfluch ynternet’ yn it bûtengebiet, ek al hat de tarieding fan de subsydzje- en lieningsregeling op ‘e nij fertraging oprûn. “It is in nij fakgebiet foar de provinsje, wy moatte hjir noch yn thús reitsje”, sa ferklearre deputearre Sietske Poepjes (CDA) dizze fertraging.

It giet om mar leafst sechtich miljoen euro. It jild wurdt op twa ferskillende wizen ynsetten: foar in part as subsydzje en foar in part as in liening mei in tolve jier rinnende rinte fan twa persint. De grutte netwurkbedriuwen geane út fan in kostenpost fan gemiddeld 3200 euro foar oanslutingen yn it meast ‘ûnrindabele’ bûtengebiet. Dy bedriuwen wolle sels net mear as tûzen euro de oansluting ynvestearje. It ‘gat’ fan 2200 euro wurdt troch de provinsjale regeling ferlytse: der is skielk subsydzje mooglik fan 500 euro de oanslu-ting, plus de al neamde liening.

De kosten foar dizze regeling hopet de provinsje werom te fertsjinjen mei lieningen oan bedriuwen dy’t ‘marktconforme’ rinte betelje. Sa kin dizze regeling himsels hielendal of fierhinne bedrippe.
GrienLinks-fraksjefoarsitter Retze van der Honing hat him yn de oanrin nei dizze regeling hieltyd tige kritysk opsteld. “It wie it earste agindapunt dat deputearre Poepjes by har oantreden ferdigenje moast. Sy hie dit oerkrigen fan har foargongr. It siet doe noch hiel min yn elkoar. Ik ha der no mear fertrouwen yn, krekt as de rest fan Provinsjale Stea-ten.”

(Men kin der wol in krityske kanttekening by meitsje: hoe flugger de kommunikaasjemid-dels, hoe mear frije tiid, soe men yn earste ynstânsje tinke. Mar omdat de hiele wrâld wurket oan fluggere kommunikaasje, wurdt de ûnderlinge konkurrinsje tusken bedriuwen oanskerpe. In gefolch is, dat wy ‘allegearre’ hurder wurkje moatte en hieltyd mear it ge-foel hawwe, amper noch frije tiid oer te hâlden. It komt fansels ek troch de oandrang, ék troch de nije kommunikaasjemiddels, om neat misse te wollen. It blêd ‘De Helling’ fan it wittenskiplik buro fan GroenLinks hat hjir yn juny in tema-nûmer oer útbrocht, mei de tapaslike titel: ‘Wie heeft de tijd?’)