De GrienLinks-fraksje hat him 18 desimber 2013 fersetten tsjin in moasje ‘frjemd oan de oarder fan de dei’ fan CDA, FNP en VVD oer it deasjitten fan ferwyldere katten. De moasje wie in reaksje op it oannimmen fan in moasje yn de Twadde Keamer, yntsjinne troch de Partij voor de Dieren en stipe troch ûnder oare GroenLinks.
De Twadde Keamer stiet op it stânpunt dat it deasjitten fan ferwyldere katten ferbean wurde moat. Der moat neffens de Keamer wurke wurde oan alternativen, lykas in beltsje om ‘e nekke fan húskatten en it sterilisearjen en kastrearjen fan dizze katten, om te soargjen dat se gjin neiteam mear krije kinne.
Yn de moasje fan CDA, FNP en VVD yn de Steaten waarden regear en Twadde Keamer oproppen it deasjitten fan ferwyldere katten nét te ferbieden.
De GrienLinks-steateleden Retze van der Honing en Joop van der Heide stipen dat stânpunt fan de Keamer en dus ek fan harren partijgenoaten yn De Haach. “It ferbieden fan it deasjitten fan ferwyldere katten stimulearret it sykjen en útfieren fan alternativen”, sei Retze van der Honing.




