Steatelid Retze van der Honing fan GrienLinks is der foar dat nutsbedriuwen yn hannen binne, bliuwe of komme fan de oerheid. Dit fanwwege it maatskiplik belang en de demokratyske kontôle. Dochs hat er woansdei 15 juny 2011 yn Provinsjale Steaten pleite tsjin it keapjen fan oandielen Vitens (it wetterliedingbedriuw) troch de provinsje Fryslân.
Hy ferwyt it kolleezje fan Deputearre Steaten “gehannes mei oandielen”, omdat der gjin langrinnend, dúdlik belied foar útstippele is. “It gehannes mei oandielen moat út wêze!” seit Van der Honing. Dêrby wiist er op it ferkeapjen fan de NUON-oandielen fan de provinsje, dêr’t de GrienLinks-fraksje har dan ek tsjin fersetten hat.Verder lezen