De provinsje Fryslân moat net allinne sjen nei mooglikheden, it ferdwinen fan feangrûn yn it feangreidegebiet ôf te remjen troch peilferheging. Mar ek nei mooglikheden, fean wer oangroeie te litten. Dat lêste kin troch peilen sáfolle omheech te bringen, dat der wer sompe (‘moeras’) ûntstiet.
Dêr kaam in útstel fan GrienLinks-fraksjefoarsitter Irona Groeneveld yn Provinsjale Steaten fan 9 febrewaris 2011 op del. Deputearre Tineke Schokker (CDA) sei ta dat der yn de startnotysje foar de lange termyn-fisy op it Fryske feangreidegebiet yndie ‘out of te box’ tocht wurde sil. Dy startnotysje ferskynt yn it twadde kwartaal fan 2011, sei se boppedat ta.
De GrienLinks-moasje waard al yn stimming brocht. Omdat net alle steateleden der wiene, wie de útslach min te foarsizzen. GrienLinks, Ferliene Lofts, PvdA, ChristenUnie en SP stimden foar; CDA, VVD en FNP stimden tsjin: de moasje waard fersmiten mei ien stim ferskil! Dus ek hjir jildt foar de takomst fan Fryslân: der falt wat te kiezen!


