Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe 21 jannewaris 2015 de Feangreidefisy fêststeld. De Fryske Steaten hiene yn jannewaris 2012 mei klam om sa’n fisy frege. Mar wat der no krekt barre sil oan it wetterpeilbehear yn it Fryske feangreidegebiet, is noch folslein in riedsel. Der sil foaral, krekt as de ôfrûne jierren, in soad praten en skreaun wurde.
“Kinst der eins neat mei!“ seit Retze van der Honing fan GrienLinks. Hy hie it leafste wollen dat it kolleezje fan Deputearre Steaten in nije nota makket en dy wer ta goedkarring foarleit oan Provinsjale Steaten. Mar dêr wie dúdlik gjin mearderheid foar, dat die al bliken yn de gearkomste fan de steatekommisje. It kolleezje komt no mei in útfieringsplan plus in foarstel foar it beteljen fan de kosten fan de útfiering. Allinne oer dat lêste kinne Provinsjale Steaten formeel noch in beslút nimme.
GrienLinks hat besocht om de nota noch wat by te stjoeren, yn gearwurking foaral mei de SP. Verder lezen




