Feangreidefisy: “Kinst der eins neat mei!“

Lage waterstand Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe 21 jannewaris 2015 de Feangreidefisy fêststeld. De Fryske Steaten hiene yn jannewaris 2012 mei klam om sa’n fisy frege. Mar wat der no krekt barre sil oan it wetterpeilbehear yn it Fryske feangreidegebiet, is noch folslein in riedsel. Der sil foaral, krekt as de ôfrûne jierren, in soad praten en skreaun wurde.

“Kinst der eins neat mei!“ seit Retze van der Honing fan GrienLinks. Hy hie it leafste wollen dat it kolleezje fan Deputearre Steaten in nije nota makket en dy wer ta goedkarring foarleit oan Provinsjale Steaten. Mar dêr wie dúdlik gjin mearderheid foar, dat die al bliken yn de gearkomste fan de steatekommisje. It kolleezje komt no mei in útfieringsplan plus in foarstel foar it beteljen fan de kosten fan de útfiering. Allinne oer dat lêste kinne Provinsjale Steaten formeel noch in beslút nimme.
GrienLinks hat besocht om de nota noch wat by te stjoeren, yn gearwurking foaral mei de SP. Verder lezen

Fryske Steaten al wer ienriedich oer stavering Frysk

Ofgeand op de reboelje oer de stavering fan it Frysk, yn 2013 en 2014, soe men ek reboelje, of alteast ferskil fan miening ferwachtsje oer dit ûnderwerp yn Provinsjale Steaten. Mar sawol op 24 april 2013 as op 10 en 17 desimber 2014 wiene Provinsjale Steaten ienriedich oer in tal wizigings yn de stavering fan it Frysk.

Dat is mei te tankjen oan it feit, dat it giet om in beheind tal wizigings. Neffens in berekkening fan de Fryske Akademy, dy’t de wizigings betocht hat, giet it om 332 wurden. Fan de rom 83.000 wurden dy’t yn it nije ‘griene boekje’ komme te stean, of better sein: op ‘Taalweb’ fan dyselde Akademy. Dat moat in rike, digitale boarne wurde foar it skreaune Frysk, ynklusyf oersethelp Frysk – Nederlânsk en Nederlânsk – Frysk. It is foaral dy digitale help, dêr’t de Steaten wakker nei útseagen (en –sjogge). GrienLinks hat der ta bydroegen, dat er der komt.Verder lezen

De FUMO – ‘in twongen houlik’ – moat nije begrutting meitsje

Drukwerk De FUMO moat in nije begrutting foar 2015 meitsje. Dat hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân op 22 oktober 2014 besletten. GrienLinks-steatelid Retze van der Honing is it iens mei dit beslút. Hy hat eins noait heil sjoen yn de FUMO, mar ja…

FUMO stiet foar ‘Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing’ en is ien fan de nije RUD’s, Ruimtelijke Uitvoeringsdiensten, foarme troch in troch it Ryk opleine fúzje fan miljeu-ôfdielingen fan gemeenten, provinsjes en wetterskippen. Doel: it bondeljen fan de goede krêften op it mêd fan fergunningferliening, tafersjoch en hanthavenjen fan romtlike en miljeufergunnings. Lykas by alle RUD’s is ek by de FUMO dus eins sprake fan in ‘twongen houlik’. De provinsje Fryslân is yn de FUMO de grutste dielnimmer fan dizze ‘mienskiplike regeling’. Verder lezen

Superfluch ynternet’ komt stadich op gong

glasvezel GrienLinks stipet de provinsjale finânsiering fan ‘superfluch ynternet’ yn it bûtengebiet, ek al hat de tarieding fan de subsydzje- en lieningsregeling op ‘e nij fertraging oprûn. “It is in nij fakgebiet foar de provinsje, wy moatte hjir noch yn thús reitsje”, sa ferklearre deputearre Sietske Poepjes (CDA) dizze fertraging.

It giet om mar leafst sechtich miljoen euro. It jild wurdt op twa ferskillende wizen ynsetten: foar in part as subsydzje en foar in part as in liening mei in tolve jier rinnende rinte fan twa persint. De grutte netwurkbedriuwen geane út fan in kostenpost fan gemiddeld 3200 euro foar oanslutingen yn it meast ‘ûnrindabele’ bûtengebiet. Dy bedriuwen wolle sels net mear as tûzen euro de oansluting ynvestearje. It ‘gat’ fan 2200 euro wurdt troch de provinsjale regeling ferlytse: der is skielk subsydzje mooglik fan 500 euro de oanslu-ting, plus de al neamde liening.
Verder lezen

GrienLinks: sa folle mooglik duorsume enerzjy, ynklusyf wynmûnen

REC en windmolen zononder. Op de Statenvergadering van 21 mei 2014 dienden Retze van der Honing (GL) en Sylvia Hosman (VVD) samen een motie in. De motie riep op tot een discussie over de mix van duurzame energie die we als provincie willen inzetten om te komen tot die 16 procent duurzaam opgewekte energie in 2020. Retze van der Honing: “Wy binne te folle ôfhinklik fan fossile brânstoffen en it is dúdlik dat we faasje meitsje moatte mei oare wizen fan enerzjy opwekke”. Dat een felle tegenstander van windmolens en een enthousiaste voorstander daarvan samen een motie indienen voor de discussie over de mix van duurzame energie, wekte verbazing bij sommige Statenleden. Retze van der Honing legde uit: “De oanlieding fan it tegearre yntsjinjen fan ‘e moasje wie, dat de diskusje yn Fryslân oer duorsume enerzjy no fersmelle wurdt ta it wol of nèt pleatsen fan wynturbines en sa ja, wêr en hoefolle. Dat driget it draachflak foar duorsume enerzjy te ûndergraven. Troch in ‘mix’ fan ferskillende soarten duorsume enerzjy wurdt de kâns op mear wurkgelegenheid yn Fryslân grutter en dêrmei ek de kâns op mear draachflak.” Verder lezen

Meldpunt boaiemfersakjen by provinsje Fryslân

b odemdalingprognose Somtiden rinne ferskillende minsken tagelyk mei lyksoartige ideeën om. Sa ek de steatefraksjes fan GrienLinks en CDA yn Fryslân. Beide fûnen dat der ferlet is fan in provinsjaal meldpunt oangeande boaiemfersakjen. De grûn yn Fryslân fersakket foaral troch trije ferskillende oarsaken: ferleging fan wetterpeilen, sâltwinning en gaswinning.

Verder lezen