De staveringskwestje – in stoarm yn in glês wetter?

abc

Uterlik 1 oktober 2013 stiet der in fergees te brûken ‘staveringshifker’ (‘spellingscontrole’) foar it Frysk op ynternet, ek brûkber foar mobile telefoan en as ‘app’. De kâns is lykwols grut dat it dan giet om de hjoeddeiske stavering, dus noch sûnder de (beheinde) wizigingen dêr’t de Fryske Akademy drok mei oan it wurk is. “Dat jout mear tiid om nochris nei dy wizigingen te sjen”, sei deputearre Jannewietske de Vries oan de ein fan in debat, freedtejûn 28 juny yn It Aljemint, de konferinsjeseal yn in ferboude tsjerke achter de Fryske Akademy yn Ljouwert.Verder lezen

Fryslân doet schot in het duister met Thialf

gevaarlijk-wakDe meerderheid van Provinciale Staten (PvdA, CDA, FNP, VVD, D66 = 32 van de 43 zetels) steekt 54 miljoen euro in vernieuwing van ijsstadion Thialf. Dit is 26 juni 2013 besloten. Het gaat om een investering van 50 miljoen en het overnemen van tweederde van de aandelen voor vier miljoen euro. GrienLinks stemde tegen het nemen van het besluit op dit moment en diende, samen met de ChristenUnie, een amendement in. Het amendement pleitte voor het nemen van het besluit ná 8 september 2013. Op 8 september is bekend wat de uitslag is van de zogenaamde ‘beautycontest’van de KNSB en de NOC/NSF tussen de ijsbanen in Heerenveen, Zoetermeer en Almere. Het amendement werd niet aangenomen. Wel kreeg Van der Honing een toezegging van de gedeputeerde dat nu echt de motie uit februari 2012 over het produceren van duurzame energie voor Thialf uitgevoerd zal worden.

Retze van der Honing van GrienLinks: “Het besluit om 54 miljoen te investeren is een schot in het duister, omdat aan de belangrijkste voorwaarden: A-status, sluitende exploitatiebegroting, duidelijkheid over de top-trainingshal, externe financiering door marktpartijen, bijdrage van het Rijk, commitment KNSB, nog niet is voldaan. Als je dan zegt: ‘de schep moet er in’, schaats je recht op het wak af. Dat is zakelijk gesproken buitengewoon onverstandig. GrienLinks is een stellig voorstander van een nieuw Thialf. Maar we moeten ons verstand wel gebruiken.”Verder lezen

Stavering Frysk wurdt justjes oanpast

staveringOp ûnderdieltsjes wurdt de stavering (‘spelling’) fan it Frysk justjes oanpast. Provinsjale Steaten hawwe dat 24 april 2013 yn begjinsel besletten. Dat barde ienriedich, yn tsjinstelling ta 1976. Want doe wiene net allinne de Steaten, mar ek de measte fraksjes ferdield oer de oanpassing fan de stavering.

De Fryske Akademy kin no fierder oan ‘e slach mei it útwurkjen fan de oanpassing. Letter dit jier of begjin 2014 – is it stribjen – sille de Steaten gear oer de feitlike oanpassings. Wannear’t dy fan krêft wurde is lykwols noch ûnwis.
In pear skriftlike fragen fan GrienLinks yn april 2011 hawwe dit yn gong setten.Verder lezen

Landbougrûn (net) ûnteigenje foar natoer

Vogeltjesland-WammertIt wie in opmerklik debat, yn Provinsjale Steaten fan 27-2-2013, oer it wol of net ûnteigenjen fan lânbougrûn foar natoer. Provinsjale Steaten hiene nota bene yn jannewaris ienriedich ynstimd mei it oernimmen fan alle oanbefellings fan de ‘Noordelijke Rekenkamer’ oer it grûnbelied. Ien fan dy oanbefellings wie: meitsje ûnteigenjen fan (lânbou-)grûn foar natoer mooglik. Dit wie (en is) yn it Streekplan ‘Om de kwaliteit fan de romte’ nammentlik beskôge as útsûndering op de regel. Mei oare wurden: de provinsje spruts yn 2006 mei harsels (en mei LTO-Noord) ôf, net te ûnteigenjen foar natoer. By einbeslút is hjir noch neat oan feroare.
De Noordelijke Rekenkamer (NRK) advisearre om dizze útsûndering der út te heljen, omdat dit ynkonsekwint is. Frappant wie dat PS yn jannewaris ienriedich álle advizen fan de NRK oer it grûnbelied oernamen, ynklusyf dit punt. Mar yn febrewaris kamen de ‘rjochtse’ partijen der al wer op werom, doe’t deputearre Johannes Kramer braaf dit foarstel oernommen hie. It resultaat fan yntensyf lobbywurk fan de kant fan de LTO, is ús yndruk. Verder lezen

Enkête fan PS oer grûnbelied hie better west

De provinsje Fryslân hat de útfiering fan it grûnbelied noch lang net op oarder. It is sels mar de fraach oft it yn dizze kolleezjeperioade (noch rom twa jier) op oarder komt. Dat sei Retze van der Honing 23 jannewaris yn it spoeddebat oer it rapport fan Bureau Berenschot oer de oanpak fan grûnoankeapen troch de provinsje.

Hy pleite, krekt as op 17 oktober 2012 nei oanlieding fan it rapport fan de ‘Noordelijke Rekenkamer’ oer itselde ûnderwerp, foar in ‘parlementêre enkête’ troch Provinsjale Steaten. In moasje foar it hâlden fan sa’n enkête, yntsjinne troch PVV en SP, krige dan ek de stipe fan GrienLinks. Mar fierders allinne fan D66, sadat dit foarstel it net helle.
Dêr foaroer stie in moasje fan de VVD, mei yntsjinne troch alle oare fraksjes op de PVV nei, om in ûndersyk te dwaan nei de hiele organisaasje fan de provinsje Fryslân, om nei te gean oft der mear misstannen binne. Op oantrún fan GrienLinks komt der ek in soarte fan begeliedingskommisje mei steateleden, om dit ûndersyk mei stal te jaan. Verder lezen

Kreätyf aaisykjen komt werom

GrienLinks hat woansdei 7 novimber 2012 besocht in debat oer it ljipaaisykjen yn Provinsjale Steaten op gong te krijen. Dat slagge mar heal, mar dochs: it debat hjiroer yn de Steaten is begûn en it lêste wurd is der noch net oer sein. GrienLinks hat yn it ferkiezingsprogram 2011-2015 as stânpunt, dat it aaisykjen net ferbean wurde hoecht, mar dat it net mear fan dizze tiid is (no’t it tal ljippen alle jierren tebek rint) om de aaien mei te nimmen. Irona Groeneveld hat dit yn de Steaten mei ynmoed nei foaren brocht. “Us leafde foar de greidefûgels hawwe de deputearre (Johannes Kramer) en ik gemien, wy ferskille allinne fan miening oer hoe’t wy mei it aaisykjen omgean wolle.”
Sy tsjinne in moasje yn om “yn oerlis mei de belutsen partijen in kreätyf alternatyf te betinken foar it meinimmen fan de aaien en dit alternatyf (alternativen) uterlik febrewaris 2013 foar te lizzen oan Provinsjale Steaten.”Verder lezen