Gruttoplan laatste kans voor de weidevogels

Lês hjir de Fryske tekst

” We hebben het leefgebied van weidevogels zover ontwatert en we gebruiken het zo intensief dat de ‘pykjes’ (kuikens van weidevogels) geen kans meer hebben om te overleven. Omdat we dat probleem niet echt willen aanpakken wil het CDA grijpen naar laatste redmiddelen als broedmachines. En zijn we bereid alle predatoren af te schieten. Met dat laatste creëer je een dierentuin.” Jochem Knol van GrienLinks pleitte voor herstel van de leefomgeving van weidevogels. Ook ónze leefomgeving….Verder lezen

Opkomen voor amateurkunst en Fries in het onderwijs

Klik hier voor de tekst in het Nederlands

“It profesjonele fjild betsjut in soad foar ús provinsje en past by de ambysjes fan in ynternasjonale útstrieling. Mar Fryslân hat noch folle mear te bieden. Dêrom freegje wy mear omtinken foar de amateurkeunst, de uteringen fan kultuer dy’t de maatskippij leefber hâlde”, sei Charda Kuipers yn it debat op 22 jannewaris 2020 oer de nije kultuernota Nij Poadium. Se tsjinne foarstellen (mei) yn om de posysje fan amateurkeunst te fersterkjen, it helpen fan nij talint en in stypjend en oanfoljend programma om it Frysk op skoallen te befoarderjen.Verder lezen

Motie GrienLinks aangenomen voor Friese in plaats van Engelse termen

Klik hjir foar de Fryske tekst

“Taskforce veenweidegebied, potato valley, dairy valley, living lab, legacy,” etc. De Engelse termen vliegen je in het provinciehuis om de oren. Terwijl we in onze provincie twee talen hebben: Nederlands en Fries. En terwijl er beleid voor is om de Friese taal te beschermen en het gebruik ervan te stimuleren. Dat moet toch anders kunnen?”, vindt GrienLinks fractievoorzitter Matthijs Sikkes-van den Berg. Daarom pleitte hij er in de Statenvergadering op 26 juni over het coalitieakkoord voor dat namen die door de provincie bedacht worden Fries zijn. Hij diende een motie in, die mee ingediend werd door D66 en de PVV. De motie werd in grote meerderheid aangenomen.

FRYSKE TEKST

“Taskforce feangreidegebiet, potato valley, dairy valley, living lab, legacy,” ensfh. De Ingelske termen fleane je yn it provinsjehûs om ‘e earen. Wylst we yn ús provinsje twa talen hawwe: Nederlânsk en Frysk. En wylst der belied foar is om de Fryske taal te beskermjen en it gebrûk dêrfan te stimulearjen. Dat moat dochs oars kinne?”, fynt GrienLinks fraksjefoarsitter Matthijs Sikkes-van den Berg. Dêrom pleite er der yn de Steategearkomste op 26 juny oer it koälysje-akkoart foar dat nammen dy’t troch de provinsje betocht wurde Frysk binne. Hy tsjinne in moasje yn, dy’t mei yntsjinne waard troch D66 en de PVV. De moasje waard yn grutte mearderheid oannaam.

Discussie over landbouw, natuur, wind en weidevogels wel voeren

hgsr_1bloemenbiodiversiteit2015 GrienLinks-steatelid Retze van der Honing hat woansdei 23 maart 2016 tsjin de ‘startnotysje en diskusjenotysje Omjouwingsfisy’ stimd. Hy fynt dat de provinsjale polityk himsels te folle beheint, troch fjouwer ûnderwerpen foar de ‘diskusje mei de mienskip’ yn it foar al út te sluten: de lânbou, wynmûnen, it feangreidegebiet, greidefûgels en de ekologyske haadstruktuer (ûnderdiel fan it natoerbelied).
De provinsje moat – lykas alle provinsjes – in nije Omjouwingsfisy opstelle, dêr’t (hast) alle romtlik, miljeu-, ferkears- en wetterbelied yn bondele wurde. Doel is om hjiroer ek wiidweidich mei de befolking yn petear te gean.

“De dúdlikens is op himsels in goede saak. Mar as wy serieus mei de Fryske befolking yn oerlis wolle oer de takomst fan Fryslân, dan moatte wy de ynbring fan de befolking ek earnstich nimme”, neffens Van der Honing. “Derby hat it kolleezje de lânbou folslein búten skot hâlden in ‘e diskusje en leit alles oer de natuer iepen. Dat kin nèt, omdat it júst de tsjinstelling tusken lânbou en natuer is, die’t oan ‘e oarder is op dit stuit.”Verder lezen

Farwei nei Drachten: in noait einigjend ferhaal?

vrachtschip in kanaal ‘A never ending story’, ‘in noait einigjend ferhaal’, liket de kwestje fan de farwei nei Drachten wol. Om de safolle jier komt dit ûnderwerp werom yn de Fryske, provinsjale polityk. De alternative oplossings wurde (opnij) ûndersocht. GrienLinks hat him net fersetten tsjin it ûndersyk. “Mar it sil dúdlik wêze dat wy gjin ferlet hawwe fan in nij kanaal dwars troch in natoergebiet”, murk Retze van der Honing (GL) woansdei 24 febrewaris 2016 op.Verder lezen

GrienLinks wil een Friese grondbank

bedrijventerrein Der moat in ûndersyk komme nei de mooglikheden om de eksploitaasje fan strategysk belangrike bedriuweterreinen yn de fjouwer grutte kearnen yn Fryslân yn in mienskiplike Fryske grûnbank ûnder te bringen. It giet dan om Ljouwert, Drachten, Hearrenfean en Snits. Dat wol de steatefraksje fan GrienLinks.
Verder lezen