Landschap op orde, de bijen komen terug

bloemenmeisjes‘Grutsk op ‘e romte’ heet de ‘structuurvisie’ van de provincie Fryslân, die Provinciale Staten 26 maart 2014 hebben aangenomen. Daarin staat beschreven wat de provincie waardevol vindt van het Friese landschap. Denk aan bijvoorbeeld oude polderdijkjes, oude riviertjes, dorpssilhouetten en terpen. De provincie verplicht zichzelf die waardevolle onderdelen in stand te houden. Gemeenten krijgen die verplichting niet opgelegd, maar ze krijgen wel een nadrukkelijk verzoek, rekening te houden met wat er in deze ‘structuurvisie’ staat. GrienLinks is – net als bijna alle Statenfracties – lovend over deze structuurvisie, maar zal wel kritisch kijken naar de uitvoering. En GrienLinks had graag gezien, dat we het landschap nóg mooier maken, door te stimuleren dat er bloemrijke weide- en akkerranden worden aangelegd, ten behoeve van de bijen.
Verder lezen

Feiligens Fryske wegen wurdt mooglik minder

werkinuitvoering It ûnderhâld fan provinsjale wegen, farwegen, slûzen, brêgen en akwadukten wurdt de kommende jierren wierskynlik minder goed dien as de ôfrûne jierren. Dit ûndanks dat der mear jild by komt. Dit komt trochdat de ôfrûne jierren de ynflaasje net byhâlden is. Dêrom moast de provinsje de lêste jierren yn wêzen op it ûnderhâld besunigje. Omdat der no minder jild by komt as dat eins nedich is foar it op peil hâlden fan it ûnderhâld, kin dit wolris ten koste gean fan de feiligens.

Retze van der Honing: ” “As GrienLinks fine wy eins dat der minder wegen oanlein wurde moatte. Dat is fansels fuort ek de bêste manier om op ûnderhâld te besparjen. Mar de feiligens fan de ferkearsdielnimmers mei net yn gefaar komme”.
Verder lezen

Sâltwinning ûnder it Waad: stipe fan Twadde Keamer foar GrienLinks

saltlyts.jpg De Twadde Keamer hat lêstendeis mei in moasje fan de Keamerleden Vos en Jacobi (PvdA) der foar soarge dat it NIOZ-ûndersyk nei de risiko’s fan boaiemdaling yn it Waad better ûndersocht wurde. Minister Kamp fan EZ hat dêrom it ferlienen fan in fergunning foar sâltwinning ûnder it Waad útsteld.
Dit beskôget GrienLinks as stipe foar it eigen stânpunt: sa lang ’t de risiko’s fan sâlt (en gas-)winnng ûnder de Waadsee net folslein dúdlik binne, dan dit foar Europa sa likernôch wichtichste natoergebiet net yn gefaar bringe.
Der spilet net allinne de ûnfoarspelberens fan de boaiemdaling, sa as gauris ûnderstreke is troch âld-NAM-meiwurker ir. Adriaan Houtenbos. Ek is der de ûnwissichheid fan de stiging fan de seespegel.

Verder lezen

Ferwyldere katten: wat binne dat?

kater De GrienLinks-fraksje hat him 18 desimber 2013 fersetten tsjin in moasje ‘frjemd oan de oarder fan de dei’ fan CDA, FNP en VVD oer it deasjitten fan ferwyldere katten. De moasje wie in reaksje op it oannimmen fan in moasje yn de Twadde Keamer, yntsjinne troch de Partij voor de Dieren en stipe troch ûnder oare GroenLinks.
De Twadde Keamer stiet op it stânpunt dat it deasjitten fan ferwyldere katten ferbean wurde moat. Der moat neffens de Keamer wurke wurde oan alternativen, lykas in beltsje om ‘e nekke fan húskatten en it sterilisearjen en kastrearjen fan dizze katten, om te soargjen dat se gjin neiteam mear krije kinne.
Yn de moasje fan CDA, FNP en VVD yn de Steaten waarden regear en Twadde Keamer oproppen it deasjitten fan ferwyldere katten nét te ferbieden.

De GrienLinks-steateleden Retze van der Honing en Joop van der Heide stipen dat stânpunt fan de Keamer en dus ek fan harren partijgenoaten yn De Haach. “It ferbieden fan it deasjitten fan ferwyldere katten stimulearret it sykjen en útfieren fan alternativen”, sei Retze van der Honing.

Verder lezen

‘Biodiversiteit’ yn it miljeuprogramma

13 bloemen It begryp ‘biodiversiteit’ – ‘ferskaat fan libbenssoarten’ yn it Frysk – komt amper út de ferve yn it lanlike en Fryske natoer- en miljeubelied. It is om samar te sizzen fuortbesunige. De ‘Ecologische Hoofdstructuur’ is der noch wol, mar it Fryske natoerbelied rjochtet him foaral op it beskermjen – foar safier ’t it net ál te djoer wurdt – fan greidefûgels én it ôfsjitten fan twa soarten guozzen, ek: foar safier’t it net ál te djoer wurdt. Nederlân as gehiel bongelet yn Europa mei de ‘biodiversiteit’ tegearre mei Malta en Cyprus sa ûngefear ûnderoan.
De GrienLinks-fraksje makket him hjir soargen oer. Yn de steatefergadering fan 16 oktober 2013 greep Retze van der Honing de oanpassing fan it Fryske miljeuprogramma oan, om oandacht te freegjen foar de biodiversiteit. Hy diende in moasje yn mei as fersyk oan it kolleezje:”Yn 2014 te kommen ta in konkreet en mjitber programma dat ynsjoch jout yn de besteande en te nimmen maatregels om de ‘biodiversiteit’ te ferbetterjen”. PS 16 oktober 2013 – milieuprogramma – motie GrienLinks – biodiversiteit “Us bern moatte hjir skielk ek noch in goed libben hawwe kinne”, sei Van der Honing. Verder lezen

GrienLinks stipet plan foar fytstunnel Hurdegaryp

hurdegaryp
Der komt, as de finânsjes it talitte, in spoartunnel ûnder of by it treinstasjon fan Hurdegaryp. GrienLinks hat dit foarstel mei de steatefraksjes fan FNP, VVD en PvdA stipe, woansdei 18 septimber 2013 yn Provinsjale Steaten.

Foar de ekstra sneltrein (twa yn stee fan ien yn ‘e oere) tusken Ljouwert en Grins binne oanpassings nedich oan it spoar en de stasjons. Sa moatte bygelyks ferskate perrons langer makke wurde.
GrienLinks fynt dit in goed plan, want it tal passazjiers op dizze treinferbining groeit stadichwei troch. Foaral yn de spitsoeren sitte de treinen soms tige fol. Verder lezen