De provinsje Fryslân besuniget yn in pear jier mear as 22 miljoen euro it jier, as it kolleezje fan Deputearre Steaten syn sin kriget. Dizze besuniging is neffens it kolleezje nedich fanwege de ryksbesunigingen. De grutste klap falt by it ‘lanlik gebiet’. Dêr wurdt sân miljoen euro besunige troch gjin lân mear oan te keapjen foar nije natoer. Dêrnêst besparret de provinsje seis miljoen euro op de eigen organisaasje, bygelyks mei in (tydlike) fakatuerestop en troch minder eksterne adviseurs oan te lûken. Ek wurdt gjin ynflaasjeferheging tapast.
Boppedat hâldt de provinsje op mei it ekstra jild dat de jeugdsoarch no noch krijt boppe-op it jild dat it ryk jout. In soad tydlike subsydzjes wurde stopset en yn 2012 moatte njoggentich organisaasjes it mei tsien prosint minder jild dwaan. Neffens Deputearre Steaten is dat nedich om foar te kommen dat de provinsje aanst te min jild hat. Boppedat moat in nij kolleezje de hannen frij hawwe om sels nij belied te meitsjen. Verder lezen




