Schriftelijke vragen van de statenfractie GL aan GS over de MER (Milieu Effect-Rapportage) voor de glastuinbouw
1. Hat it kolleezje it brief lêzen fan de Waadferiening, ‘Landschapsbeheer Friesland’ en de ‘Friese Milieu-federatie’ fan 12 april 2007, kenmerk 83-07/AdV, oangeande de ‘MER glastuinbouw’?
2. Kloppet it, dat it stânpunt fan it kolleezje oer de konseptnotysje MER is, sa’t de brieveskriuwers stelle, “om in dit stadium de maatschappelijke organisaties niet te consulteren, noch de conceptnotitie MER vrij te geven”?
3. Is it kolleezje it mei ús iens dat de ûntjouwings fan de lêste pear jier rjochtfeardigje, wól mei maatskiplike organisaasjes yn oerlis te gean oer de konseptnotysje MER en dy notysje wól iepenbier te meitsjen?
4. Sa net, wol it kolleezje yn syn andert de seis haadpunten fan de brieveskriuwers by lâns rinne?
5. Kin it kolleezje dan fuort ek de stân fan saken jaan oangeande de glêstúnbou yn relaasje ta de sâltwinning, it wetterbehear en it ûndersyk fan de Universiteit fan Wageningen nei it brûken fan ierdwaarmte yn it belang fan de glêstúnbou? (Sjoch bylage).
6. Is it kolleezje ree om de mooglikheden fan de ‘zonneterp’ foar Fryslân neier te ûndersykjen? (Sjoch de bylage fan de yn fraach 1 neamde brief).
7. Sa ja, kin it kolleezje dan oanjaan wannear’t we de resultaten fan sa’n ûndersyk ferwachtsje kinne? (Dy ‘zonneterp’ kin neffens ús enerzjybesparring, ynnovaasje én wurkgelegenheid meibringe).
8. Sa nee, wêrom wol it kolleezje sa’n ûndersyk net?